[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Slach by Mounesyl

Ut Wikipedy
Slach by Mounesyl
Part fan de Donia-oarloch
datum: 11 oktober 1463
plak: Mounesyl oan de Leppedyk
útkomst: Oerwinning fan de Fetkeapers
konfliktpartijen
Skieringers Fetkeapers
befelhawwers
Donia Jancko Douwema

De slach by Mounesyl wie in fjildslach yn de Donia-oarloch en fûn plak op freed 11 oktober 1463. It gefjocht hat him ôfspile by de Mounesyl of Molesyl oan de Leppedyk by de rivier de Boarn. Tsjintwurdich stiet op dat stee in âld hûs fan in pleats, mar yn eardere tiden wie der in wetterkearing en besuden derfan wie in kleaster dat it kleaster Ealsum neamd waard.

Yn âlde kroniken is sprake fan in slach dêr't Jancko Douwema him ferskûle yn it kleaster en syn tsjinstanners de Donias fersloech.

Jancko Douwema dy't him mei syn manlju yn it kleaster ferskûle hie, waard by de Mounesyl oanfallen troch de legermacht fan de Donias. Dy hienen har mei in protte befreone eallju fanút Jirnsum oer de Leppedyk nei it kleaster setten.

Lykwols die Jancko Douwema hommels in dryste útfal dêr't er syn fijân mei op de ferkearde skonk sette en har op de flecht triuw. Neffens Fryske skiednisskriuwer Thabor foel it oantal slachtoffers hiel bot mei, mar 7 knechten en ien haadling skeat it libben derby yn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: