[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Skoppende Bear

Ut Wikipedy
Skoppende Bear
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matȟó Wanáȟtake
oare namme Kicking Bear
berne 18 maart 1846
berteplak by Pine Ridge (Súd-Dakota)
stoarn 28 maaie 1904
stjerplak Manderson-White Horse Creek
(Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt haadman en sjamaan fan
   de Oglala
jierren aktyf ±18881904

Skoppende Bear (Lakota: Matȟó Wanáȟtake, útspr.: [ma't˟o: wa'na:χtake]; Ingelske oersetting: Kicking Bear; by Pine Ridge (Súd-Dakota), 18 maart 1846Manderson-White Horse Creek (Súd-Dakota), 28 maaie 1904) wie in haadman en sjamaan fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Skoppende Bear wie in soan fan Swarte Foks (±1800-1880), in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota, en dy syn frou Izerne Seder, en hie fjouwer bruorren en susters en acht healbruorren en -susters (de bern fan 'e âldere suster fan Izerne Seder, dy't ek mei Swarte Fox troud wie). Under Skoppende Bear syn bruorren wie Fleanende Hauk, dy't letter namme meitsje soe as artyst yn wyldwestshows en teffens as histoarikus en filosoof. Fierders wie Skoppende Bear in folle neef fan it ferneamde Oglala-opperhaad Mâl Hynder, en in omkesizzer fan 'e foaroansteande Hûnkpapa-medisynman Sittende Bolle, dat in broer fan Izerne Seder wie.

Yn 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Skoppende Bear fan berte en komôf in Oglala wie, ûntjoech er him ta in haadman fan in oare substamme fan 'e Lakota, de Minnikonzjû. Hy focht mei yn ferskate fjildslaggen dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrûnder de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Oan 'e ein fan 1880-er jierren krige de nije, synkretistyske religy fan 'e geastedûns, dy't it kristendom fermong mei eleminten fan 'e foarâlderlike natoerreligyen fan 'e Yndianen, him yn 'e besnijing. Hy reizge mei twa maten alhiel nei Nevada, om Wovoka, de Pajût-profeet dy't de geastedûns útdroech, preekjen te hearren. Nei't er by syn folk yn 'e Dakota's weromkeard wie, ûntjoech Skoppende Bear him ta sjamaan, en lei er him ta op it fersprieden fan 'e geastedûns ûnder de Lakota.

Nei it yngripen fan 'e Amerikaanske oerheid om 'e geastedûnsbeweging de kop yn te drukken, ein 1890, wêrby't it ferneamde âlde opperhaad Sittende Bolle omkaam en letter it Bloedbad fan Wounded Knee oanrjochte waard, waard Skoppende Bear yn 'e hechten set. Doe't er yn 1891 wer frijkaam, joech er him by de Wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill, wêrmei't er it hiele Easten fan 'e Feriene Steaten trochreizge en sels Jeropa besocht, al joech er letter oan dat dy tiid foar him in fernederjende ûnderfining west hie.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid sette er him by syn Oglala-sibben nei wenjen yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota. Yn 1896 makke er diel út fan in Lakota-delegaasje dy't nei Washington, D.C. reizge om by it Amerikaanske regear te kleien oer it hâlden en dragen fan dronken blanke keaplju yn it reservaat. Wylst er dêr wie, stimde er deryn ta om in masker fan syn gesicht meitsje te litten om te tsjinjen as it antlit fan 'e werjefte fan in Lakota-kriger dy't yn it Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum fan it Smithsonian Ynstitút komme soe te stean. Skoppende Bear wie ek in bejeftige keunstner, en yn 1898 skildere er op oanstean fan 'e blanke westernskilder Frederic Remington, wat him mear as tweintich jier nei dato noch bystie fan 'e Slach oan de Little Bighorn. Skoppende Bear stoar op 28 maart 1904, en waard begroeven mei in pylkpunt, by wize fan symboal foar de kultuer en libbenswize dy't er sa graach wer nij libben ynblaze wollen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.