[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sjitferbod

Ut Wikipedy

In sjitferbod (miskien bekender ûnder de Nederlânsktalige term staakt-het-vuren) is in tydlike en faak geografysk beheinde ûnderbrekking yn oarlochfiering, wêrby't de (of guon fan de) stridende partijen beslute om offinsive aksjes op te skoarjen. In sjitferbod is net itselde as in wapenstilstân (of bestân), dat in folle formelere oerienkomst is, dy't oer it algemien foar it hiele gebiet jildt dêr't oarlochfierd wurdt. In sjitferbod kin wol in earste stap wêze dy't liedt nei in algemienere wapenstilstân en dêrwei úteinlik ta frede.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.