[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sinzig

Ut Wikipedy
Sinzig
Petrustsjerke
Petrustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Ahrweiler
Sifers
Ynwennertal 17.414 (2021)
Oerflak 41,1 km²
Befolkingsticht. 424 ynw./km²
Hichte 80 m
Oar
Koördinaten 50° 32' N 7° 15' E
Offisjele webside
stadt-mendig.de
Kaart
Sinzig (Rynlân-Palts)
Sinzig
Kaart
Petrustsjerke
Lokaasje Sinzig (read) yn 'e lânkring Ahrweiler

Sinzig is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e lânkring Ahrweiler. Sinzig is ien fan 'e fiif Dútske stêden, dy't de titel 'Barbarossastêd' draacht.

Sinzig waard foar it earst op 10 july 762 yn in dokumint fan de Frankyske kening Pepyn de Koarte neamd. Pepyn wie doe foar in skoft yn it sentiaco palatio, it keninklik lângoed fan Sinzig. It dokumint registrearret de skinking fan de eigendoms- en gebrûksrjochten yn it amtsdistrikt Sinzig oan it rykskleaster Prüm. It Frankyske keningshôf en dêrmei de keningspalts lei op in krúspunt fan de hearwei fan Aken nei Frankfurt. De palts wie tige wichtich, om 't it regelmjittich it tuskenstasjon wie foar de yn Frankfurt keazen Dútske hearskers op reis nei de kroaning yn Aken.

Yn 'e bloeitiid fan 'e 12e oant de 14e iuw wie Sinzig it plak fan in keizerpalts sadat mannich kening of keizer in besite oan Sinzig brocht. Freark I Barbarossa wie dêr yn 1152, 1158 en 1174 en dêrfandinne wurdt de stêd ek Barbarossastêd neamd.

De mûning fan de Ahr yn 'e Ryn by Sinzig

Sinzig leit lofts fan 'e Ryn oan it ein fan 'e Ahrdelling yn it noarden fan Rynlân-Palts. Grutte stêden yn 'e buert binne Bonn (20 km súdeastlik) en Koblenz (30 km súdeastlik). Eastlik fan 'e stêd leit de Ryn en fierder wurdt Sinzig troch de bergen fan 'e East-Eifel omklamme.

It heechste punt fan it stedsgebiet leit mei 346 m oan 'e Eifelrâne yn it doarpsgebiet fan Löhndorf. Troch Sinzig streamt de Ahr, dy't in eintsje fierderop yn 'e Ryn útmûnet. Yn Sinzig mûnet de Hellenbach en de Harbach yn 'e Ahr út. Yn it Sinziger Stadtwald leit de boarne fan 'e Frankenbach.

Yn it ramt fan de weryndieling fan 1969 waarden de oant dan selsstannige gemeenten Bodendorf, Franken, Koisdorf, Löhndorf en Westum by de stêd Sinzig yndield. Sinzig bestiet sûnt út seis Ortsbezirke:

  • Bad Bodendorf;
  • Franken;
  • Koisdorf;
  • Löhndorf;
  • Sinzig;
  • Westum.

Fierder binne der noch 16 buorskippen: Marienhof, Heinrichshof, Wendelinushof, Gerhardshof, Haus Ahlenforst, Ilkenhof, Lindenhof, Schloß Vehn, Forsthaus Dachsbach, Godenhaus, Harbachsmühle, Hennes-Schneider-Haus, Hombüchel, Schloß Ahrental, Beuler Hof, Nikolaushof.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsiendehôf
Oarlochsmonumint Kirchplatz 4
  • Mei de bou fan de stedsferdigening waard yn 1297 útein set. Hjoeddedei binne allinne resten oerbleaun.
  • Op it plak fan 'e hjoeddeiske Petrustsjerke stie al yn 855 in kapel. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1225 en 1241 boud. It besjen wurdich is fral it heechalter út 1480.
  • It Tsiendehôf (Zehnthof) efter de tsjerke út de jierren 1697-1740 stiet mooglik op it plak fan de âlde keizerlike Palts.
  • It oarlochsmonumint 1914-1918 by de tsjerke ûnstie neffens in ûntwerp fan de Keulske arsjitekt Franz Brantzky en de byldhouwer Willy Meller.
  • It riedshûs oan it Kirchplatz 5 is in neoklassisistysk gebou út 1835-1837.
  • It Slot Sinzig (Schloss Sinzig) waard yn opdracht fan de keapman Gustav Bunge troch Vincenz Statz (1854–1858) ûntwurpen. Nei de oarloch gyng it slot yn hannen fan 'e stêd oer en hjoed-de-dei is dêr it streekmuseum ûnderbrocht.
  • Oan de Barbarossastraße stiet in monumint foar keizer Freark I Barbarossa, dat oarspronklik yn it slotpark stie.
  • Oan de Koblenzerstraße stiet de Sinziger Linde, in linebeam dy't healwei de 16e iuw plante waard en op ien meter hichte in stam hat fan 5,46 m omtrek.

Bûten de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slot Vehn
  • It Slot Ahrenthal is in wetterslot yn it Harbachtal tusken Sinzig en it stedsdiel Franken.
  • Bad Bodendorf hat in neogoatyske tsjerke en in sintrum mei restaurearre fakwurkhûzen. Op it Ehrenfriedhof Bad Bodendorf lizze in soad slachtoffers fan it kamp Goldene Meile en oare kampen yn 'e krite, dêr't nei de oarloch Dútske militêren finzen set waarden.
  • De Sint-Michaeltsjerke fan Franken is in tsjerkegebou út de 14e iuw.
  • Yn Koisdorf stiet de Sint-Wendelinustsjerke (Koisdorf) dy't op it jier 1260 werom giet.
  • It Slot Vehn stiet oan 'e boskrâne yn it doarpsgebiet fan Löhndorf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sinzig