[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sint-Marsellusfloed (1219)

Ut Wikipedy

De Sint Marsellusfloed op 16 jannewaris 1219 wie in desastreuze stoarmfloed dêr't grutte parten fan Noard-Nederlân en de gebieten om de Sudersee hinne by oerstreamd waarden. By dizze ramp foelen nei alle gedachten 36.000 slachtoffers. De stoarmfloed krige syn namme fan de hillige Marsellus dy't alle jierren op dizze dei betocht wurdt.

De stoarm wie fral sa desastreus, omdat nei de stoarm by eb it wetter net folle sakje koe en boppedat mei de dêropfolgjende floed de stoarm noch fierder oanboaze. Hjirtroch brutsen de diken troch dy't de earste stoarm oerlibbe hienen en waarden no noch foar it grutste part wei slein.

De kombinaasje fan dit feit en dat it de fjirde grutte stoarmfloed wie mei oerstreamings yn in tiidrek fan 50 jier, late derta dat yn Nederlân twa grutte binnenseeën ûntstienen, te witten: de Sudersee en de Waadsee.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Duizend jaar weer, wind en water in de lage landen, deel 1 tot 1300 " uit 2000 ISBN 90-5194-075-0