Sander Simons
Sander Simons | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Sander Simons (1989) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sander Simons | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 april 1962 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 5 jannewaris 2010 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzer, sjoernalist | |
medium | Telefyzje | |
wurksum by | KRO, RTL 4 | |
bekend fan | RTL Nieuws |
Sander Simons (De Haach, 5 april 1962 - Amsterdam, 5 jannewaris 2010) wie in Nederlânske kommunikaasjeadviseur, publisist, sjoernalist en nijslêzer.
Libbenspaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat er it gymnasium folge hie oan it Gymnasium Celeanum te Swol, studearre Simons fan 1980 ôf trije jier politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy waard omropper by de KRO en wie ek in skoft nijslêzer by de radionijstsjinst fan it ANP. Yn 1989 gie Simons oer nei it RTL Nieuws, dêr't er oant 1 augustus 1999 ferslachjouwer en presintator wie. Dêrnei waard er kommunikaasjeadviseur. Yn 2006 waard hy foarljochter fan de nije politike partij EénNL. By de ferkiezings foar de Twadde Keamer fan dat jier stie er op it sechste plak fan de kandidatenlist fan dy partij. EénNL krige doe lykwols gjin sit.
Febrewaris 2008 waard longkanker by Simons fêststeld. Hy ûndergie in swiere gemoterapy. Yn 2009 wie er noch in tal wiken presintator fan it programma PepTalk fan BNR Nieuwsradio en wie er in skoft "spraakmaker" op de stjoerder Het Gesprek. Novimber 2009 waard bekend dat de sykte progressyf wie.[1] Simons frege syn hûsdokter mei klam om eutanasy. Dat barde op 5 jannewaris 2010 om 20.00 oere. Simons waard 47 jier.[2][3] Simons waard begroeven op begraafplak Zorgvlied. [4]
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Help! De pers belt!: een praktische handleiding voor het omgaan met journalisten (2002) - ISBN 9043006718
- Het absolute anti-gedoogboek: waarom het gedogen in Nederland ten dode is opgeschreven (2003) - ISBN 9043008206
- Radio- en televisiejournalistiek (2004) - ISBN 9053529586
- Europese Unie voor dummies (2004) - ISBN 9043008842
- Mozart voor dummies (2005) - ISBN 9043010669
- Blessuretijd (2008) - ISBN 9789043016872
- Het kleine boek voor het grote ego (2009) - ISBN 9789022996539
- Wegwijs in longkanker (2009) - Ferspraat fia de Nederlânske sikehuzen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|