Sonnet 17
Sonnet 17 is it lêste yn in rige fan santjin saneamde "fuortplantingssonnetten", dy't it earste part fan de Sonnetten fan Shakespeare út 1609 foarmje. Yn dizze sonnetten puonnet Shakespeare in feint oan in húshâlden te begjinnen en bern te krijen, want syn moaiens hawwe net it ivige libben. Nei dit gedicht ferskowt de tematyk ynienen nei de romantyk fan it ferneamde Sonnet 18.
Shakespeares tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sonnet 17 Who will believe my verse in time to come
|
Oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wa sil al sa skielk myn fers noch leauwe
- As it oprjocht dyn wiere goedens neamt?
- Wylst de himel wit, dat it krekt in grêf is,
- Dat dyn libben dekt; net heal dyn lof sjongt.
- As ik dyn swide eagen sketse koe,
- Lykas yn ferzen dyn moaiens, stik foar stik,
- Dan sei hja skielk: "Dizze poëet dy lycht,
- Sokke himelske pracht giet foarby oan minsken."
- Dan waard myn skrift, fergield troch syn âldens,
- Fersmaad, lyk âlde manlju mei praatsjes,
- En wat dy rjocht die, waard in mâl ferlet,
- In poffige klank út in fier ferline.
- Mar wie der mei de tiid in bern as dy,
- Dan wienen der twa: dêr en yn myn rym.