[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Societystjer

Ut Wikipedy

In societystjer, fan it Ingelske (high) society, de "(hegere) sosjale fermiddens", is in persoan dy't bekendheid krigen hat sûnder dat hy of sy sels in karriêre hat dy't dy bekendheid rjochtfeardiget. Syn of har ferneamdens is poer en allinnich it gefolch fan de kontakten dy't hy of sy ûnderhâldt mei lju dy't wol bekend binne fanwegen in eigen karriêre. Tsjintwurdich wurdt sa'nent mei in oar Ingelsk wurd ek wol oantsjut as in socialite. Hjirby kin it bygelyks gean om immen dy't in relaasje oangiet mei in ferneamde persoan of immen dy't in ferneamd persoan as broer, suster of bern hat. Foarbylden fan societystjerren binne: Estelle Cruijff (de dochter fan fuotballer Johan Cruijff), Kim Kardashian (de dochter fan 'e foaroansteande abbekaat Robert Kardashian) en Paris Hilton (de oerpakesizzer fan Conrad Hilton, de stifter fan Hilton Hotels & Resorts).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.