[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nederlanners

Ut Wikipedy

Nederlanners binne in West-Europeeske folksgroep fan Germaanske komôf. De folksgroep falt gear mei de ynwenners fan Nederlân dy't deselde taal, kultuer en skiednis diele. It Nederlânsk is de mienskiplike taal fan de Nederlanners en dat makket de Flamingen yn Belgje ta it naust besibbe folk.

Net-Nederlânske minderheid binnen Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westerlauwerske Friezen binne de grutste net-Nederlânske autochtoane minderheid binnen Nederlân. Ut ûndersyk docht bliken dat in tanimmende groep minsken yn de provinsje Fryslân himsels net as etnyske Nederlanner sjocht.

Etnisiteit provinsje Fryslân[1]
Antwurd 1980 1994 2013
Fries 39 % 36 % 45 %
Nederlânske Fries 36 % 23 % 24 %
Nederlanner 26 % 41 % 31 %

Nederlânske diaspora

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste groepen Nederlanners om utens wenje yn de Feriene Steaten (± 5.000.000), Súd-Afrika (± 5.000.000), Kanada (± 900.000), Austraalje (± 265.000), Dútslân (± 200.000), Belgje (± 135.000), Noarwegen (± 100.000), Frankryk (± 100.000) en Nij-Seelân (± 50.000). Oer de hiele wrâld wenje sa likernôch ± 25.000.000 miljoen minsken fan Nederlânske komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Betten, Erik (2013). De Friezen: Op syk nei de Fryske identiteit. Side 168.