Neder-Brulee Sû Stamme
Neder-Brulee Sû Stamme | ||
Ingelsk | Lower Brule Sioux Tribe | |
lânseigen | Kul Wičasa Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
haadkertier | Lower Brule (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota | |
ledetal | 3.400 (2013) | |
oprjochting | 1868 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Neder-Brulee Yndianereservaat | |
lokaasje | sintraal Súd-Dakota | |
oerflak | 536,6 km² | |
ynwennertal | 1.300 (2004) | |
offisjele webside | ||
www.lbst.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.
|
De Neder-Brulee Sû Stamme (Ingelsk: Lower Brule Sioux Tribe; Lakota: Kul Wičasa Oyáte, útspr.: [kul wi'ʧasa o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 3.400 leden, en it haadkertier is fêstige yn Lower Brule, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux) fan ien inkele substamme fan 'e Lakota, nammentlik de Brulee. De Neder-Brulee Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme is it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan likernôch 537 km², en dêr't yn 2004 1.300 minsken wennen. Oarspronklik makke it Neder-Brulee Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Neder-Brulee ien wie.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|