[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Neuengamme

Ut Wikipedy
Lizzing fan it kamp yn Hamburch
Loftopname fan it kamp, 16 april 1945
In Poalske oerlibber krijt medisinen fan in Dútske Reade Krússuster.

Neuengamme wie yn de Twadde Wrâldoarloch in Dútsk konsintraasjekamp. It kamp lei sa'n achttjin kilometer súdeastlik fan Hamburg yn Dútslân by it doarp Neuengamme.

Konsintraasjekamp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kamp waard 13 desimber 1938 iepene. As dependânse fan Sachsenhausen wie it kamp yn it earstoan ornearre foar húsfesting fan arbeiders foar it pleatslike SS-stienfabryk. Juny 1940 waard Neuengamme in selsstannich kamp. It haadkamp fan 213.000 kante meter, fong de measte minsken op, mar yn Noard-Dútslân leine noch 92 saneamde bûtenkampen dy't bestjoerlik ûnder Neuengamme hearden. Sels it kanaaleilân Alderney hie in bûtenkamp. Dy bûtenkampen bestiene faak mar in koart skoft. Yn 1944 wienen der tagelyk 60 yn it wurk. De minsken yn de kampen, út sa'n 28 lannen, wienen meast kriichsfinzenen, gizelders, fersetsstriders, Joaden, sigeuners, homoseksuelen en Jehova's tsjûgen. De SS die alle war om de morele en psychyske wjerstân fan de finzenen te brekken. De barakken sieten grôtfol, sanitêre foarsjennings wiene der fierstentemin en persoanlike romte wie der net. Mei te min en min iten, moast swier arbeide wurde; in dei hie benei gjin lins. Neuengamme hie gjin gaskeamers of oare metoaden om grutte kloften minsken te deadzjen. Dochs stoaren der 55.000 minsken yn it kamp troch te min iten, tramtearring en epidemyen. Yn de oarloch sieten sa'n 106.000 lju yn Neuengamme. It heechste finzenenûmer, dat yn de deadeboeken fernijd wurdt, is 87.067.000

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Neuengamme brûkt om leden fan de SS, Wehrmachtsoldaten en leden fan de nazipartij fêst te setten. Noch letter waard in straffinzenis op it kampterrein boud. Earst yn de jierren sechtich waard op inisjtyf fan in feriening fan eardere Frânske kampbewenners út einset mei it ynrjochtsjen fan in betinkplak op it kampfjild. Neuengamme hat distiid de funksje fan oarlochsmonumint mei ûnder oaren fêste eksposysjes. Benei de folsleine administraasje fan Neuengamme is ferneatige. Meidat ien finzene de boeken út de sikebarakken yn it stienfabryk fanside brocht hat, binne tûzenen nammen fan finzenen bewarre bleaun. Fierders is der in troch finzenen byholden deadeboek oer en binne der noch feiten fan it Reade Krús. Der wurdt noch altyd besocht om ta in rekonstruksje fan de kampadministraasje te kommen, mar it liket der op dat dy ûnfolslein bliuwe sil.

  • Dr. Judith Schuyf (redaksje), Nederlanders in Neuengamme; de ervaringen van ruim 5500 Nederlanders in een Duits concentratiekamp 1940-1945 (2005) ISBN 9059940512.
  • Vandekerkhove, Gaston: 20 Ronsenaars in de hel van Neuengamme, Nukerke, Ceres, 1976.
  • Totenbuch Neuengamme

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory KZ Neuengamme fan Wikimedia Commons.