[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken

Ut Wikipedy
In typyske plakette dy't oanbrocht wurdt op 'e muorre fan in gebou dat opnommen is yn it NRHP.

It Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (Ingelsk: National Register of Historic Places) of NRHP is in offisjele list fan it Amerikaanske federale regear, dêr't alle as sadanich erkende monuminten yn 'e Feriene Steaten yn opnommen binne. Dêrby giet it net inkeld om gebouwen of oare bouwurken, mar kin it ek gean om hiele stedsbuerten of ûnbeboude perselen lân dy't fan histoaryske wearde binne. Plakken dy't opnommen binne yn it NRHP kinne ferlike wurde mei ryksmonuminten yn Nederlân. Hoewol't de opname fan in stik ûnreplik goed yn it NRHP foar it meastepart fan symboalyske wearde is, kin de eigner dêrtroch wol yn oanmerking komme foar belestingfoardielen of subsydzjes oangeande de kosten dy't it ûnderhâld meibringt.

It NRHP waard yn 1966 stifte doe't it Amerikaanske Kongres de Wet op it Nasjonaal Histoarysk Behâld (NHPA) oannaam en dy wet ûndertekene waard troch presidint Lyndon B. Johnson. Der binne tsjintwurdich mear as in miljoen perselen lân yn it NRHP opnommen, wêrfan't 80.000 yndividueel fermelden binne. De rest wurdt opmakke troch wenten en oare gebouwen yn histoaryske stedsbuerten. Elts jier wurde der sa'n 30.000 nije perselen oan it register tafoege, itsij as ûnderdiel fan in grutter gehiel, itsij as yndividuële fermeldings. Guon perselen wurde automatysk oan it NRHP tafoege, nammentlik as se de status krije fan nasjonaalhistoarysk punt (national historic landmark), nasjonaalhistoarysk plak (national historic site), nasjonaalhistoarysk park (national historic park), nasjonaal militêr park (national military park) en nasjonaal tinkteken (national memorial). Itselde is it gefal by beskate (mar net alle) nasjonale monuminten.

It bestjoer fan en tafersjoch oer it NRHP hat sûnt 1966 yn 'e hannen west fan 'e National Park Service (NPS), in buro dat diel útmakket fan it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, behalven yn 'e perioade fan 1978 oant 1981, doe't it register yndield wie by de Heritage Conservation and Recreation Service (HCRS), in oar buro fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken. It doel fan it NRHP is om 'e eigners fan 'e opnommen perselen en belangegroepen, lykas de National Trust for Historic Preservation (NTHP) te helpen by it koördinearjen, identifisearjen en beskermjen fan plakken fan histoaryske wearde yn 'e Feriene Steaten. Inkeld wurde ek gebouwen bûten de grinzen fan 'e Feriene Steaten dy't lykwols al in bân mei de Feriene Steaten hawwe, yn it NHRP opnommen. In foarbyld dêrfan is de Amerikaanske ambassade yn Tanger, yn Marokko.

Om yn it NRHP opnommen te wurden, moat in nominearre monumint evaluëarre wurde yn it ramt fan fjouwer kritearia, hoewol't it net oan alle fjouwer kritearia hoecht te foldwaan. De tapassing fan dizze kritearia is ûnderwerp fan krityk fan histoarisy, boukundigen en politisy. Boppedat wurde se op ferskillende wize tapast by ferskillende soarten nominearre monuminten; sa jilde foar maritime monuminten (lykas skipswrakken) oare regels as foar gebouwen. De fjouwer kritearia binne:

  • Kritearium A, "Barren": it nominearre monumint moat yn oansjenlike mjitte bydroegen hawwe oan 'e Amerikaanske skiednis;
  • Kritearium B, "Persoan": it nominearre monumint moat assosjearre wêze mei ferneamde persoanen út 'e Amerikaanske skiednis;
  • Kritearium C, "Untwerp/Konstruksje": as it nominearre monumint in bouwurk is, moat it beskate ûnderskiedende skaaimerken hawwe kwa arsjitektuer en bou, en/of moat it grutte artistike wearde hawwe of it wurk fan in master wêze;
  • Kritearium D, "Ynformaasjepotinsjeel": it nominearre monumint moat wichtige ynformaasje leverje oer de Amerikaanske skiednis of prehistoarje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.