[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Noardamerikaanske helmspjocht

Ut Wikipedy
Noardamerikaanske helmspjocht

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai iiktimmerspjochten
   (Dryocopus)
soarte
Dryocopus pileatus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Noardamerikaanske helmspjocht (Dryocopus pileatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Picus pileatus publisearre troch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan Systema naturae.

As der fanút gien wurdt dat de keizerspjocht en de ivoarsnaffelspjocht útstoarn binne, dan is de Noardamerikaanske helmspjocht de grutste spjochtesoarte fan it kontinint. De Noardamerikaanske helmspjocht is besibbe oan de by ús bekende swarte spjocht.

Wyfke.
Mantsje

De Noardamerikaanske helmspjocht is in 40 oant 49 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan likernôch 66 oant 75 sm. Se binne fral swart en hawwe in reade toefe mei in wite streek lâns de flanken fan 'e kiel. As se fleane is der wyt op 'e wjukken te sjen. Folwoeksen mantsjes hawwe in reade streek fan 'e snaffel nei de kiel, wylst dy by wyfkes swart is.

Helmspjochten briede yn âldere bosken en parken mei in soad beammen. Hja hawwe in foarkar foar bosk mei grutte, hurdhouten beammen.

De fûgels ite fral ynsekten, lykas mychammels en larven fan kevers, mar folle harren iten oan mei fruit, nuten en beien. Se hakke grutte rjochthoekige gatten yn 'e beammen as se ynsekten sykje. Fral koloanjes fan mychammels binne populêr.

De Noardamerikaanske helmspjocht is in stânfûgel yn 'e bosken fan Kanada, de eastlike Feriene Steaten en dielen fan it wêsten fan 'e Feriene Steaten.

De totale populaasje wurdt op likernôch 1 miljoen fûgels rûsd. Sûnt 1966 is der in taname fan 'e fûgel yn 'e westlike en noardwestlike gebieten, in gefolch fan minder jacht en it letter kappen fan beammen sadat dy in gruttere stamdiameter krije kinne. Yn in soad nasjonale bosken wurde libbene en deade beammen fan in stamdiameter fan mear as 50 sm net mear ferwidere. Oan de oare kant is der in ôfname yn it súdeasten fan it tal fûgels, dat fral taskreaun wurdt oan it ferdwinen fan it boskareaal sûnt de jierren 1970.

De jacht is de lêste jierren ôfnommen, mar spilet noch altiten in rol. Wichtige bedrigingen foar de fûgels binne fral de feroarings yn it leefgebiet, lykas de ûntbosking, it oanlizzen fan diken en mynbouaktiviteiten.

Jonge fûgels.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • D. p. abieticola (Bangs, 1898); súdlik Kanada, de noardeastlik, noardwestlike en noard-sintrale dielen fan 'e Feriene Steaten.
  • D. p. pileatus (Linnaeus, 1758) – it súdeasten fan 'e Feriene Steaten.

De Noardamerikaanske helmspjocht stie foar Walter Lantz model foar de cartoon-figuer Woody Woodpecker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Helmspecht (ferzje fan 29 desimber 2023)