[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mysene

Ut Wikipedy
De Liuwepoarte fan Mysene

Mysene (Gryksk Mykènai, Latyn Mycenae, Nijgryksk Mýkines) wie yn de âldheid in wichtige stêd dy't yn it Grykske lânskip Argolis sintraal lei op 25 km súdwestlik fan Korinte, en foarme ea it wichtige politike en kulturele sintrum fan de nei har neamde Myseenske kultuer.

Mysene spile yn ferskate Grykske myten in rol fan betsjutting, û.o. yn de Trojaanske syklus. By Homerus is it Goudrike Mysene de stêd fan kening Agamemnon, oerbefelhawwer fan it Grykske koalysjeleger dat tsjin Troaje útfear.

De skiednis fan Mysene en de Myseenske kultuer begûn mei Yndo-Jeropeeske stammen dy't likernôch 2100 f.Kr. it gebiet fan it tsjintwurdige Grikelân ynfoelen. Ien fan dy stammen, de Agajers, krong troch oant yn de Peloponnesus, dêr't troch harren ferskate stêden stifte waarden, wêrûnder Mysene, Tiryns en Pylos, mei mânske burchten en muorren.

De bloeitiid fan Mysene hat west yn it tiidrek tusken ± 1600 en 1400 f.Kr. Yn dy tiid waard de stêd regeare troch in machtich keningshûs, waans macht wjerspegele waard troch rike archeologyske fynsten, dy't har yn distiid gruttendiels yn it Nasjonaal Archeologyske Museum te Atene befine. De machtsposysje fan Mysene bleau oanienwei oant it tiidrek tusken ± 1400 en 1150 f.Kr. doe't plonderjende Doarjers út it noarden de Myseenske kultuer ferwoasten. Myseenske kastielen waarden yn brân stutsen en der kaam in ein oan de hannel bûten Grikelân. Sûnt dy tiid wie Mysene noch mar in lytse stêd. Foar keunstners wie der net langer wurk mear en allinnich lânbou en feefokke bleau oer as middelen fan bestân.

In lêste heldhaftige died fan de stêd wie it stjoeren fan in lyts kontingint hoplieten nei Plataee yn 479 f.Kr. Yn 468 f.Kr. waard de iens sa machtige keningsburcht ferovere troch it tichtby lizzende Argos en foar altyd ferlitten.