[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Marten Jans van Houten

Ut Wikipedy

Marten Jans van Houten (De Rottefalle, 6 febrewaris 1801 - De Wylp, 6 desimber 1879), soan fan in houtkapper, wie in Frysk evangelist en mystikus, troch de 'Geast' laat en net ûnder te bringen yn in beskate groep. Der is net folle bekend oer dit 'Bern fan God', boarnen binne der hast net.

Van Houten wie boerearbeider, troude yn 1826 mei Grietje Pieters de Bij; it pear krige acht bern. Sy wennen yn De Houtigehage, Aldegea, Drachtster Kompenije en nei 1843 yn De Wylp. Van Houten wie sykjende nei wiere rjochtsinnigens dy't er net fine koe yn de Herfoarme Tsjerke en de Ofskiedenen. Dan wurdt er oanstutsen troch mystike skriuwers, earst troch de Siuwske Jakob Brill, en letter lêst er wurk fan Boehme, Tauler, Poiret, De Bourignon, Lodensteyn en Everhard en wurdt er troch harren beynfloede.

Van Houten spriek neffens wat de 'Geast' him ynjoech. It wie in nofteren man, dogmatyk moast er neat fan ha', ek net fan geleardens en eigenleafde; úterlik sei him ek neat. Driuw ta evangelisaasje hied er net safolle. Mei syn mystyk fundearre ôfwizing fan ierdske wetten en it de klam lizzen op de geast fan Kristus liket Van Houten de kant fan it Kristlik anargisme út te gean.

Yn it súdeasten fan Fryslân, en it oanswettende Frysktalige stikje fan Grinslân, sjocht Waling Dykstra yn syn Uit Friesland's Volksleven (diel II, s. 149) in “secte” fan de Kinderen Gods, dy't oprjochte wêze soe troch in Van Houten. 'De groep lit him liede troch de Geast, troch it Ynderlik Ljocht. De bibel wurdt wol as ynspiraasjeboarne wurdearre, mar net allinne as paadwizer foar de wiere leauwige. God oppenearet him oan dejinge dy't der iepen foar stiet'. Waling-om tocht dat de groep in eigen eskatology hie en dat hja har útferkeazen achten.

G.A. Wumkes is ien fan mar in pear ûndersikers dy't omtinken joech oan dit selskip yn ien fan de earmste kriten fan Nederlân.[1]

Nei syn dea waard er opfolge troch Eabele Gaukes Veenstra, dy't yn De Wylp in tsjerkje bouwe liet dêr't er syn 'oefeningen' yn hâlde.

  • Johannes 1:5. Het licht schijnt in de duisternis, maar de duisternis heeft hetzelve niet begrepen, mei dêr oan taheakke: Beknopte Grondslag voor alle Gezindten tot de leer der zaligheid nuttig tegen de dwaalleer onzer verwarde laatste dagen, die roepen: hier en daar is de Christus! Vragen van een Chr. Geref. predikant gedaan aan den landbouwer S. Pool te Grootegast op verzoek beantwoord door M.v. Houten, werkman te Wilp, wijlen meer dan veertig jaren Evangeliedienaar uit liefde om niet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Christianarchie

Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Marten Jans van Houten