[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Marbod

Ut Wikipedy

Marbod, Latyn: Maroboduus, (om 30 f.Kr. - 37) wie kening fan de Markomannen yn de 1e iuw.

Marbod kaam yn 12 f.Kr. op 12-jierrige leeftyd as gizelder fan de Romeinen nei Rome. Hy brocht oan it hôf fan keizer Augustus syn fierdere jeugd troch en waard as Romein grutbrocht. Yn de âldheid wie it gizeljen fan bern in gewoan ferskynsel en waard dien om de útfiering fan ferdraggen ôf te twingen. Marbod wie gizelder wurden nei de oermastering fan Germaanje troch de Romeinen.

Om it begjin fan de jiertelling hinne gie Marbod werom nei syn stamgenoaten yn Bohemen en waard mei help fan de Romeinen as kening keazen. Hy soe him al gau ûntwikkelje ta in ûnôfhinklike hearsker dy't in sterk leger opboude dat mei in strange dissipline hearske. Dochs wie syn polityk der net op rjochte om de Romeinen foar de kop te stjitten. Mei keizer Tiberius sleat hy yn 6 n.Kr. in net-oanfalferdrach.

Yn (sa.) 17 beneamde hy himsels ta kening fan alle Sueben, wêrmei't hy in grut part fan syn lânslju en oare folken tsjin him yn it harnas jage. Al gau kaam hy yn konflikt mei de Sjerusken en de Semnoanen en Longobarden dy't de side keazen fan in oare Germaanske hearsker, Herman fan de Sjerusken.

Tusken harren kaam it ta in fjildslach dy't troch Marbod ferlern waard. Hjirtroch waard syn posysje hieltyd minder sterk en doe 't de Romeinen harren mei de sitewaasje bemoeiden waard hy troch in opstân ta fal brocht. De lieder fan dizze opstân wie Katualda, in Goatyske haadling. Marobod flechte oer de Donau nei Romeinsk gebiet, en brocht syn fierdere libben as balling troch yn Ravenna.