[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mandalorianen

Ut Wikipedy
Cosplay fan in Mandaloriaan.

Mandalorianen (Ingelsk: Mandalorians), inkeltal: Mandaloriaan, binne in fiktyf folk, dat foarkomt yn 'e Star Wars-franchise. De Mandalorianen binne gjin ras fan bûtenierdske wêzens, mar in kultuer en ideology basearre op eare, besteande út sawol minsken as leden fan beskate soarten bûtenierdske wêzens, dy't him ûntjûn hat op 'e planeet Mandalore en guon troch Mandalorianen kolonisearre planeten. It meast opfallende skaaimerk fan Mandalorianen is harren wapenris, besteande út in gesichtsbedekkende helm, in boarstkuras, earmbeskermers en pânserwanten. Faak hawwe se noch in jetpack dêropta. Mandalorianen wurde 'e Star Wars-franchise foarsteld as taaie fjochters mei in spartaanske en stoïsynske tradysje fan krigers.

Star Wars-betinker George Lucas konseptualisearre de Mandalorianen oarspronklik foar de film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back as in groep fan 'superkommando's' yn wite wapenrissen. Meitiid distilearre er dat idee ta it inkele personaazje fan 'e preemjejager Boba Fett. Hoewol't dyselde yn 'e film net as in Mandloriaan identifisearre waard, ynspirearre syn populariteit neitiid in stadichwei oanwaaksende útwurking fan syn eftergrûn as Mandaloriaan yn romans, strips en fideospultsjes.

Nei it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wreiden tillefyzjesearjes fierder út oer de Mandalorianen as folk (ynstee fan oer Boba Fett as persoan). Dat waard dien troch de yntroduksje fan nije Mandaloriaanske personaazjes. Sa kaam yn 'e tekenfilmsearje The Clone Wars hartoginne Satine Kryze foar, de pasifistyske hearskeresse fan Mandalore, mei wa't de Jedi-master Obi-Wan Kenobi in romantyske relaasje kriget, en teffens Pre Vizsla, de lieder fan 'e Deadewacht, in faksje op Mandalore dy't Satine fan 'e troan stjitte wol om 'e kriichstradysjes fan syn folk yn eare werom te bringen.

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels wurdt Sabine Wren yntrodusearre, fan 'e Mandaloriaanske Clan Wren, dy't fan 'e Sith Darth Maul de saneamde Dûnkersabel stelt, in âld erfstik fan 'e hearskers fan Mandalore, om dêrmei de bûnsgenoaten fan it Galaktysk Keizerryk op Mandalore te ferslaan. Nei de oerwinning draacht se de Dûnkersabel oer oan Bo-Katan Kryze, de healsuster fan 'e fermoarde Satine Kryze. Yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian wurde de aventoeren folge fan wer in oare Mandaloriaan, de preemjejager Din Djarin. Yn dy searje keart ek it personaazje fan Boba Fett werom, dat letter yn 'e foarm fan The Book of Boba Fett syn eigen spin-off-searje krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin