[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Makenjats Vank

Ut Wikipedy
Makenjats Vank
Մաքենյաց վանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Gegharkûnik
plak Makenis
koördinaten 40°7'N 45°36'E
Ynformaasje bou
boujier 9e-13e iuw
Kaart
Makenjats Vank (Armeenje)
Makenjats Vank

Makenjats Vank (Armeensk: Մաքենյաց վանք) is in 9e- oant 13e-iuwsk kleaster op sa'n 5 kilometer súdlik fan 'e Mar fan Sevan yn Makenis yn 'e Armeenske provinsje Gegharkûnik.

It kleaster waard mei de bou fan 'e Soerp Astvatsatsin (Tsjerke fan 'e Mem Gods) yn 851 stifte troch prins Grigor Supan II, de soan fan prinses Mariam, dy't ek stifter wie fan Kotavank yn Nerkin Getasjen, Armeenje.

It kleaster wie foar de midsiuwske provinsje Gegharkûnik as in wichtich kultureel en kennissintrum. Hjoed-de-dei wurdt it kleaster net mear bewenne.

Grêfstiennen.

De krúsfoarmige haadtsjerke is oan 'e Mem fan God wijd en hat in koanyske koepel op in rûne tamboer. Fjouwer ramen yn 'e tamboer ferljochtsje it ynterieur fan 'e tsjerke. Boppe it haadportaal is oan 'e binnenkant in reliëf te sjen fan in grut hynder. Noch in reliëf fan in hynder is te sjen oan 'e basis fan de súdwestlike pylder.

Boppe de súdwestlike earm fan 'e krúskoepeltsjerke stiet in lyts klokketuorke. Under it dak fan dy earm stiet ek it doopfont. De gavit fan 'e tsjerke is foar it measte net mear oanwêzich. Fan it kompleks bleau fierder allinne in kapel yn it súdwestlike diel bewarre.

Tsjin de muorren fan 'e tsjerke en de muorren om it kleaster hinne steane noch in mannichte krússtiennen. Om 'e tsjerke hinne leit in tsjerkhôf mei benammen oan 'e westlike kant grêven, dy't sawol út de midsiuwen as resintere tiden stamme. Yn 'e súdwestlike hoeke fan it kompleks bleau in midsiuwske latrine bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: