[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Lipporn

Ut Wikipedy
Lipporn
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
ferbânsgemeente Nastätten
Sifers
Ynwennertal 273 (2022)[1]
Oerflak 4,79 km²
Hichte 415 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 56357
Koördinaten 50° 8' N 7° 51' E
Offisjele webside
www.lipporn.de
Kaart
Lipporn (Rynlân-Palts)
Lipporn

Lipporn is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Lahn-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Nastätten, wêrfan't Nastätten it haadplak is.

It plak leit yn 'e Taunus oan 'e grins mei de dielsteat Hessen.

Om 1117 hinne droech de mooglike stamheit fan it Hûs Nassau, greve Dudo fan Laurenburg, gebiet yn Lipporn oer oan 'e Benediktynske Sint-Salvatorabdij yn Schaffhausen om op it plak in konvint te stiftsjen. Dat konvint waard letter mei it kleaster fan Strüth gearfoege ta in dûbelkleaster.

Tusken 1541 en 1544 folge de ynfiering fan 'e reformaasje yn Strüth, Welterod en Lipporn, mar it kleaster bleau katolyk.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard Lipporn ferskillende kearen plondere.

Yn 1806 waard it doarp oan it Hartochdom Nassau oerdroegen, dat yn 1866 troch it Keninkryk Prusen anneksearre waard.

Nei de Twadde Wrâldkriich lei Lipporn yn 'e Frânske besettingssône. Sûnt 1946 foarmet Lipport ûnderdiel fan 'e doe stifte dielsteat Rynlân-Palts.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Alte Burg wie in kastiel, wêrfan't hjoed-de-dei allinne noch wat resten oerbleaun binne. It wie eartiids it grutste kompleks fan Wisperlân, dat allinne troch it kastiel Rheinberg oertroffen waard. It is ek de âldste kastielruïne yn 'e krite. Mooglik wie de Alte Burg de sit fan 'e foarfaars fan 'e lettere greven fan Nassau.
  • Fanwegen brekfalligens waard de midsiuwske tsjerke fan Lipporn healwei de 18e iuw ôfbrutsen en tusken 1750 en 1752 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.[2]
  • De wenning oan 'e Brunnenweg 1 is in fakwurkhûs út de 18e iuw.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: