[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Leopoldstsjerke

Ut Wikipedy

Leopoldstsjerke, as Leopoldstsjerkje, is de beneaming foar in protestantske tsjerke dy't yn de jierren 1836-1838 mei jild fan de Belgyske oerheid boud waarden yn de Nederlânske provinsje Limburch fan no.

Der waarden totaal fjouwer Leopoldstsjerken boud, yn Meerssen (1836), Beek (1837), Gulpen (1837, yn 1965 sloopt) en Heerlen (1838, 1949 sloopt). De protestanten hienen yn dy plakken middels in simultaneum sûnt de 17e iuw gebrûk meitsje kinnen fan de parochytsjerken. Dat simultaneum waard ûnder it Belgysk bewâld ôfskaft, sadat de tsjerken wer yn katolike hannen kamen. Yn 1835 waard by in beslút fan de Belgyske kening Leopold I, self in protestant, bepaald dat de bou fan protestantske tsjerken yn dy plakken subsidiearre wurde soenen. De bou hie it Belgyske Ministearje fan Wettersteait it tafersjoch op.

De fjouwer tsjerken lykje in soad op elkoar. It binne allegearre bakstiennen sealtsjerken yn neoklassisistyske styl, elk trje traveeën lang en mei in trijesidige sluting oan de efterkant en boppeop de foarkant in dakruter. De foargevel fan de tsjerken yn Gulpen, Beek en Heerlen wie benei deselde, dy fan Meerssen waard riker útfierd. Fan de kerken yn Gulpen en Beek is witten dat sy ûntwurpen waarden troch H. Konings, skrynwurker te Roermond.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]