[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Leyla Milani

Ut Wikipedy
Leyla Milani
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leyla Milani Khoshbin
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 2 april 1982
berteplak Toronto (Ontario)
etnisiteit Perzysk
wurkpaad
soarte model fotomodel
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.leylamilani.com

Leyla Milani (trounamme: Leyla Milani Khoshbin; Toronto, 2 april 1982) is in Kanadeesk model fan etnysk Perzysk komôf. Hja hat ek wurke as presintatrise, aktrise, moadeûntwerpster en ûndernimster, en is benammen bekend wurden mei har optredens yn it Amerikaansk wrakseljen en de tillefyzjekwis Deal or No Deal, en troch de rige hierekstinsjes dy't se op 'e merk brocht hat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Milani waard yn 1982 út Iraanske âlden berne yn it Kanadeeske Toronto. Yn 2002 sette hja útein mei har karriêre as fotomodel. Yn it ferlingde dêrfan die se yn 2005 mei oan 'e talintejacht WWE Diva Search, wêrby't se op it twadde plak einige (fan in fjild fan 8.000 dielnimsters). Fan 2006 oant 2009 wie se ien fan 'e modellen dy't de kofferkes mei ynhâld toanden yn 'e Amerikaansk kwis Deal or No Deal. Milani hie dêrby altyd kofferke nûmer 13 fêst, en hoewol't dat ornaris as in ûngeloksgetal beskôge wurdt, krige sy de bynamme Lucky Leyla, om't har kofferke ferskate kearen in bedrach fan seis sifers befette. Milani en de oare modellen fan 'e kwis krigen yn 2009 de Game Show Network Award takend yn 'e kategory favorite modellen.

De bekendheid dy't se mei har wurk by Deal or No Deal krigen hie, laten ta ferskate oare tillefyzje-optredens fan Milani, dy't û.m. te gast wie yn it praatprogramma fan Oprah Winfrey en yn 'e mande mei har kollega's Patricia Kara en Marisa Petroro meidie oan in ôflevering foar bekende Amerikanen fan 'e kwis Catch 21. Dêrnjonken naam se diel oan realitytillefyzjeprogramma's as True Life: I'm a TV Star, en presintearre se û.m. de motorsportshow M80, op 'e stjoerder Fuel TV, en tegearre mei Jimmy Hart it frouljuswrakselprogramma Wrestlicious TakeDown.

Fierders hat Milani ek wurksum west as aktrise, benammen mei gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Sleeper Cell, Las Vegas, Rules of Engagement, Entourage, Desire en Wanted. Boppedat spile se mei yn 'e ûnôfhinklike horrorfilm Wrestlemaniac en yn 'e dokukomeedzje Boys & Girls Guide to Getting Down.

Yn 2009 rjochte Milani in eigen bedriuw op, ûnder de namme Milani Hair, dat him taleit op lúksueuze hierfersoarging, yn it bysûnder clip-in- en clip-on-hierekstinsjes makke fan 100% natuerlik hier. Dêrta waard hja ynspirearre troch har eigen hierproblemen. It bedriuw is fêstige yn it Kalifornyske Irvine, en makket diel út fan Kosh Milani Enterprises LLC. Op 'e webside fan Milani Hair wurde de produkten fan it bedriuw oanpriizge troch bekendheden as Jeannie Mai, Shar Jackson en Nicole Eggert.

Milani is troud mei sakeman, makeler en auteur Manny Khoshbin, dy't krektlyk as har fan etnysk Perzysk komôf is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.