[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Laplân

Ut Wikipedy
It gebiet dat ta Laplân beheart.

Laplân, of Sapmi, is de namme fan in gebiet yn it noarden fan Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. Laplân betsjut eins it ‘Lân fan de Lappen’. De namme ‘Lappen’ wurdt troch de befolking sjoen as in mislediging. Sels jouwe se de foarkar oan Saami of Saamen.

Yn Finlân is der in provinsje mei de namme, sjoch Laplân (Finske provinsje). Yn Sweden is in Sweedsk lânskip mei de namme, Laplân (Sweedsk lânskip).

Laplân leit tige ticht by de poalstreek, dêrtroch binne de winters lang en kâld. Yn de wintermoannen komt de sinne dêr net op (poalnacht) en yn de simmermoannen giet de sinne nea ûnder (middernachtsinne). De Saami hawwe yn de rin fa de tiid leard om mei dy omstannichheden om te gean. Se hawwe in tradisjonele libbenswize. It gebiet wurdt ek wel de lêste wyldernis fan Jeropa neamd. It lânskip wurdt karakterisearre troch bergen, mei grutte bosken, flakten en marren.

De flagge fan de Saami.

De Saami hawwe noch in tradisjonele libbenswize. Rindieren leverje de Saami molke, fleis en hûden, boppedat dogge se tsjinst as lûkbisten foar de sliden. De befolking libbet yn tinten dy’t makke binne fan de hûden fan de rindieren. Dy tinten binne maklik op te setten, ôf te brekken en te ferfieren.

Yn de winter libje de Saami al op ien plak mei harren bisten. Ynstee fan de tinten libje se dan yn lege huzen dêr’t grûn op leit, om de huzen sa te isolearjen tsjin it kâlde waar.

De ôfrûne jierren ha der yn Laplân grutte feroarings plak fûn. Troch it finen fan izererts yn it gebiet binne der grutte diken en spoardiken oanlein nei it gebiet. Dêrtroch kamen de Saami yn nau kontakt mei de ‘beskaving’ en soks hat der ta laat dat in protte fan dy nomaden oergongen op fiskerij, lânbou of selsstannich ûndernimmer wurden binne.

Yn it Sweedske part fan Laplân leit Lapoanje, ien fan de fjirtjin Sweedske monuminten op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.