Lodewijk van Deyssel
Lodewijk van Deyssel | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berop | skriuwer, literatuerkritikus | |
lân | Keninkryk fan de Nederlannen | |
geslacht | man | |
berne | 22 septimber 1864 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 26 jannewaris 1952 | |
stjerplak | Haarlim | |
famylje | ||
heit | Joseph Albert Alberdingk Thijm[*] | |
bruorren en susters | Catharina Louisa Maria Alberdingk Thijm[*] |
Karel Joan Lodewijk Alberdingk Thijm (Amsterdam, 22 septimber 1864 – Haarlem, 26 jannewaris 1952), bekend ûnder it pseudonym Lodewijk van Deyssel, wie in Nederlânsk skriuwer.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thijm wie lid fan de famylje Alberdingk en soan fan de skriuwer, dichter, boekhanneler en útjouwer Joseph Alberdingk Thijm (1820-1889) en Wilhelmina Kerst (1824-1894). Yn 1887 boaske er mei Catharina Horyaans (1864-1941), fan wa’t er yn 1918 skiede. Ut dat houlik waarden twa soannen en ien dochter berne.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De jonge Alberdingk Thijm brocht in part fan syn jonkheid troch op it katolike jongesynternaat Rolduc. Mei ûnder oaren Willem Kloos, Frederik van Eeden, Herman Gorter en Albert Verwey behearde Lodewijk van Deyssel ta de Beweging fan Tachtich (de Tachtigers). De earste publikaasje fan syn hân De Eer der Fransche Meesters ferskynde yn 1881 yn it tydskrift fan syn heit Dietsche Warande. Yn de perioade 1882-1889 wurke er mei oan it wykblêd De Amsterdammer. Yn 1885 waard it literêr tydskrift fan de Tachtigers De Nieuwe Gids oprjochte, dêr’t er oan mei wurke. Hy kaam lykwols net yn ‘e redaksje. Nei oanlieding fan in rûzje mei Frans Netscher, dy’t geregeldwei publisearre yn dat tydskrift, skreau Van Deyssel yn 1886 de brosjuere Over literatuur. Tegearre mei Albert Verwey rjochte er yn 1894 it Tweemaandelijks Tijdschrift op en bleau dêrfan redakteur nei de fuortsetting fan dat tydskrift ûnder de namme De Twintigste Eeuw. Yn 1905 rjochte er de “Vereniging van Letterkundigen” op.
Ynearstenoan wie er sterk oanlutsen ta it Frânsk naturalisme, mar yn De dood van het naturalisme (1891) kearde er him fan dy streaming ôf. Letter rjochte er him mear ta mystike libbenswearden. Hy stiet bekend om syn flymskerpe en iroanyske kritiken.
Syn bekendste wurken binne: Een Liefde (1887), de Rolduc-roman De kleine republiek (1889), Blank en geel (1894) en Het leven van Frank Rozelaar (1911). Under it pseudonym A.J. publisearre er Multatuli (1891) en J.A. Alberdingk Thijm (1893). Een Liefde is ien fan de earste - slagge - Nederlânske naturalistyske romans. Van Deyssels tiidgenoaten wiene skokt trochdat er yn dat boek in - mei literêre byldspraak toansette - seksueel kleure ûnderfining fan it haadfiguer Mathilde beskriuwt. De roman beheart ta de klassikers fan de Nederlânske literatuer. Yn 1996 ferskynde de 14e printinge.
De besoarger fan in soad fan Van Deyssels wurken is Harry G.M. Prick, dy’t ek de twadielige biografy fan Van Deyssel skreau.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1913 - Tollenspriis foar syn hiele oeuvre
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1886 - Over literatuur
- 1887 - Een liefde
- 1889 - De kleine republiek
- 1891 - De dood van het naturalisme
- 1891 - De zwemschool
- 1891 - Menschen en bergen
- 1891 - Multatuli
- 1893 - J.A. Alberdingk Thijm
- 1894 - Blank en geel
- 1895 - Prozastukken
- 1895 - Van Zola tot Maeterlinck
- 1896 - Caesar (werprinte yn Verzamelde Werken, VI)
- 1904 - Kindleven
- 1908 - Verbeeldingen
- 1911 - Het leven van Frank Rozelaar (yn 1958 kompleet, yn 1982 op ‘e nij besjoen)
- 1923 - Werk der laatste jaren
- 1924 - Gedenkschriften
- 1929 - Nieuwe kritieken
- 1950 - Aantekeningen bij lectuur
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harry G.M. Prick, Anton van Duinkerken, Kees Fens en Boudewijn Büch en oaren: Lodewijk van Deyssel. Bzzlletin 69, oktober 1979.
- Harry G.M. Prick: In de zekerheid van eigen heerlijkheid. Het leven van Lodewijk van Deyssel tot 1890. Athenaeum-Polak & Van Gennep, Amsterdam, 1997. ISBN 9789025341930
- Harry G.M. Prick: Een vreemdeling op de wegen. Het leven van Lodewijk van Deyssel vanaf 1890. Athenaeum-Polak & Van Gennep, Amsterdam, 2003. ISBN 9789025341879
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harry G.M. Prick, 'Alberdingk Thijm, Karel Joan Lodewijk (1864-1952)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 1 (1979)
- Anton van Duinkerken, 'Levensbericht', yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, 1952-1953
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lodewijk van Deyssel fan Wikimedia Commons. |