Lodewijk de Vadder
Appearance
Lodewijk de Vadder (Brussel, doopt 8 april 1605 - Brussel 10 augustus 1655) wie in Flaamsk lânskipsskilder, -tekener en -etser út de baroktiid.
Hy kaam út in skildersfamylje (ek syn bruorren wiene keunstskilders) en waard yn 1628 master yn it Sint-Lucasgilde fan Brussel. Hy ûntjoech him mei Lucas Achtschellinck en Jacques d'Arthois (de saneamde Zoniënwâldskilders)[1]. ta de meast foaroansteande lânskipsskilder út dy tiid. Fierders makke De Vadder ek etsen en tekeningen dêr't lânskippen ek in wichtich ûnderwerp yn wiene.
De Vadder wurke ek foar ferskate Brusselske wandtapyt- en gobelinfabrikanten.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurk fan Lodewijk de Vadder hinget ûnder oaren yn de folgjende musea:
- Louvre yn Parys
- National Gallery of Art yn Washington, D.C.
- Museum foar Skoandere Keunsten yn Gint
- Keninklik Museum foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen
- Keninklike Musea foar Skoandere Keunsten fan Belgje yn Brussel
- Museum Bredius yn Den Haach
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lodewijk de Vadder fan Wikimedia Commons. |