[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Lêsteken

Ut Wikipedy

In lêsteken is in teken dat yn tekst brûkt wurdt om de lêsberens te ferbetterjen. Inkeld jout in lêsteken ek oanwizings foar de betsjutting fan in sin. De samling en it brûken fan lêstekens hjit ynterpunksje.

Lêstekens oan de ein fan in sin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lêstekens yn in sin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spaasje, de romte tusken twa wurden, is op ‘e keper beskôge gjin lêsteken.

Lêstekens oan wjerskanten fan in wurd of part fan in sin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lêstekens yn in wurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Apostrof ( ' ), ôfkappingsteken of fuortlitteken. Yn it Frysk bygelyks yn ‘e. Hast alle tekstbewurkers hawwe de foar it Frysk ferfelende eigenskip in apostrof nei in spaasje lykas yn dit foarbyld ferkeard om te setten.
  • Keppelteken ( - )
  • Ofbrekstreekje ( - )

Lêstekens op in spesifike letter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Skerpteken (accent aigu) ( ´ ) ûnder oare yn Fryske stavering (skerpteken) en yn Frânske stavering en lienwurden
  • Klamteken (accent grave) ( ` ) ûnder oare yn Frânske stavering en lienwurden
  • Breedteken of kapke ( ^ ) ûnder oare yn Fryske stavering (dakje) en yn Frânske stavering en lienwurden
  • Sedille ( Çç ) (ça va?) (garçon) (reçu)

Oer it generaal skriuwe jo fóár in lêsteken gjin spaasje (mar by de Fryske apostrof dus hiel faak krekt wol) en der efter wol. Dêr binne in tal útsûnderings op: by heakjes en oanhellingstekens oan it begjin fan in tekst is it oarsom. In gedachtestreekje wurdt inkeld mei, inkeld sûnder spaasjes oan wjerskanten skreaun.

Yn it Frânsk wurdt in spaasje skreaun fóár in útroptekens, fraachteken, puntkomma of dûbelde punt.

Spaanske lêstekens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]