[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Overal

Ut Wikipedy
In overal.

In overal[1] of overall is in stik wurkklean út ien stik dat de romp, earms en skonken bedekt. Men docht it oan fia de foarkant, dy't iepen en ticht kin mei knopen, drukknopen of (minder faak) in rits. Overals binne bedoeld om oer oare boppeklean hinne droegen te wurden, mei as doel om derfoar te soargjen dat dy oare klean net smoarch wurde of stikken reitsje by it ferrjochtsjen fan smoarchsum of rûch wurk. By hjit waar of in waarme wurkomjouwing docht men almeast de overal direkt oer de ûnderklean hinne oan.

Technisy yn overals yn 'e masinekeamer fan 'e USS Blue Ridge, in oarlochsskip fan 'e Amerikaanske Marine.

Etymologysk is 'overal' in ferbastering fan it Ingelske overalls (mei de klam op it earste wurdlid), hoewol't dy term net ferwiist nei in overal, mar nei in túnbroek (in overal is yn it Ingelsk in boilersuit of coveralls). Yn it Frysk wurdt it wurd oer it algemien útsprutsen as [oːvərˈal], mei de klam op it lêste wurdlid en a fan "bak" of as [oːvərˈɔl], mei de a fan "bal".

De overal waard oarspronklik yn 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje, doe't de steammasine foar alderhanne saken yn gebrûk nommen waard, yntrodusearre foar arbeiders dy't de binnenkant fan steamtsjettels skjinbikken fan 'e tsjettelstien dy't dêryn oankoeke. Dêrfandinne dat men yn it Nederlânsk yn 't earstoan spriek fan in ketelpak ("tsjettelpak"); it Ingelske boilersuit betsjut krekt itselde. Yn it Frysk sprekt men foar in overal soms ek wol fan in boksebaitsje of in oerstrûper, hoewol't dat lêste wurd gongberder is yn 'e betsjutting fan "oerhimd".

Tsjintwurdich wurde overals benammen brûkt troch boeren, leanwurkers en oaren dy't har wurk hawwe yn 'e agraryske sektor, mar ek wol troch fabryksarbeiders, fervers en monteurs. Se wurde fierders ek wol brûkt as unifoarm troch (dielen fan) militêre ienheden of by ôfdielings fan plysjekorpsen, lykas de mobile ienheid. Guon lannen litte finzenen ek overals drage, almeast fan oranje of in oare felle kleur, by wize fan finzenisunifoarm.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1441.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.