[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jiro Horikoshi

Ut Wikipedy
Jiro Horikoshi yn 1938
Horikoshi (yn 'e midden) en leden fan it A6M1-ûntwerpteam, Mitsubishi Heavy Industries (july 1937)

Jirō Horikoshi (Japansk: 堀越 二郎, Horikoshi Jirō; ûnder Fujioka, 22 juny 1903Tokio, 11 jannewaris 1982) wie in Japansk fleantúchûntwerper fan gâns fleantúchtypen, lykas de Mitsubishi J2M ''Raiden'' en de Mitsubishi A7M ''Reppu'', mar waard benammen bekend troch syn ûntwerp foar de Mitsubishi A6M Zero.

Horikoshi studearre oan de Universiteit fan Tokio dêr't er yn 1927 ôfstudearre. Dêrnei wurke er yn Nagoya by Mitsubishi Shipbuilding & Engineering Company dy't fan 1934 ôf Mitsubishi Heavy Industries hjitte soe. Dêr die Horikoshi sines oan de ûntwikkeling fan jachtfleantugen. Hy wie haadûntwerper fan de Mitsubishi A6M Zero dêr't sa'n 10.400 eksimplaren fan boud waarden yn de Twadde Wrâldoarloch.

Nei de Twadde Wrâldoarloch wurke Horikoshi mei Hidemasa Kimura oan it ferkearstastel NAMC YS-11. Hy naam ûntslach by Mitsubishi, joech ferskate kursussen en wie fan 1963 oant 1965 lektor by it Ynstitút foar Loft- en Romtefeart fan de Universiteit fan Tokio. Dêrnei wied er oant 1969 heechlearaar oan de Nasjonale Definsjeakademy.

Yn 1973 krige er de Oarder fan de Riizjende Sinne, tredde klasse. Hy ferstoar yn de âldens fan 78 jier yn in sikehûs yn Tokio.

Karút fleantugen dêr't Horikoshi as ûntwerper by belutsen wie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Horikoshi, Jiro Eagles of Mitsubishi: The Story of the Zero Fighter. University of Washington Press (1992) ISBN 978-0-295-97168-1

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: