[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jehannes fan Rila

Ut Wikipedy
Jehannes fan Rila
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Ivan Rilski
bertedatum 876
berteplak Skrino
stjerdatum 18 augustus 946
stjerplak Kleaster fan Rila
etnisiteit Bulgaarsk
hillichferklearring
fereare troch Otterdokse tsjerken
hjeldei 18 augustus

Ivan Rilski of Jehannes fan Rila (Bulgaarsk: Иван Рилски; * 876 yn Skrino, Bulgarije; † 18 augustus 946 yn it kleaster fan Rila, Bulgarije) wie as hearemyt de stifter fan it grutste Bulgaarske kleaster: it kleaster fan Rila. Hy wurdt as beskermhillige fan de Bulgaren en de belangrykse hillige fan de Bulgaarsk-Otterdokse Tsjerke ek yn oare otterdokse denominaasjes fereare.

Grot dêr't Ivan Rilski as muonts wenne

Ivan Rilski wie oarspronklik in feehoeder en waard yn de âldens fan 25 preester. Yn de rin fan de tiid gyng er nei ferskillende lokaasjes om dêr de tiid yn iensumens, stilte en gebed troch te bringen. Lang om let gyng er nei it Rila-geberchte, dêr't er tichteby it rivierke de Rilski de rest fan syn libben bleau en tige ienfâldich yn in grot ôfseach fan alle wrâldske lúkse.

Fanwegen de wûnders dy't him taskreaun waarden brochten in soad minsken him tsjin syn sin in besite. Se sloegen harren kamp op by de grot en sa ûntstie der in mienskip, it Rila-kleaster, dat hjoeddedei it meast belangrike kleaster fan hiel Bulgarije is.

It nijs oer de wûnders kaam ek oan yn de haadstêd fan it Bulgaarske Ryk, Veliki Preslav. Tsaar Peter I (de soan fan tsaar Simeon I makke in 450 kilometer lange reis nei it geberchte om Ivan Rilski te sjen. Syn besite oan de muonts waard tige krekt beskreaun yn ien fan de hilligenbeskriuwings en ek yn it testamint fan de muonts sels. Nei in lange reis kaam de tsaar yn it gebiet oan, mar it wie dreech om by de grot te kommen dêr't de muonts wenne, nei alle gedachten fanwege de rûgens fan it terrein. Neffens de midsiuwske hagiografiën wegere Ivan de tsaar persoanlik te sjen, om sa de ferlieding tefoarren te kommen dat er grutsk waard op de hege besite. Op in flinke ôfstân fan inoar bûgen de twa manlju nei inoar. De tsaar hie geskinken meinaam en liet in soldaat dy nei de muonts bringe, mar Ivan hold allinne in lyts bytsje iten foar him en liet de soldaat de weardefolle saken mei de rest wer mei werom bringe. De muonts ornearre dat de tsaar dy saken nedich hie om syn lân te beskermjen en de earmen te helpen. Krekt foar syn dea op 18 augustus 946 skreau de muonts syn testamint, in literêr wurk mei in moreel boadskip oan syn opfolgers en it Bulgaarske folk.

As beskermhillige fan de Bulgaren wurdt de hillige alle jierren op de dei fan syn ferstjerren. Oare betinkingsdagen (31 augustus, 19 oktober en 5 novimber) hâlde ferbân mei it oerbringen fan syn reliken.

Tombe fan Jehannes fan Rila

It lichem fan de hillige waard noch yn it regear fan tsaar Peter I oerbrocht nei Sofia. Nei't de hongaarske kening Béla III yn 1183 Sofia ferovere naam dy de reliken mei nei Esztergom. Se bleaune dêr fjouwer jier en kamen yn 1187 werom yn Sofia.

Yn 1194 joech de Bulgaarske tsaar Ivan Asen I opdracht om it lichem nei syn haadstêd oer te bringen, Veliko Tarnovo. Doe't de Turken de stêd yn 1393 oermasteren waarden de reliken sparre en op fersyk Mara Branković, de widdo fan Murad II, yn 1469 werom brocht nei it kleaster fan Rila.

Kleaster fan Rila

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kleaster fan Rila

It âldste diel fan it kleasterkompleks foarmet de toer (1334-1335), dy't njonken de katolikon stiet. Yn 1833 waard it kleaster troffen troch in slimme brân. It grutste diel fan de gebouwen is 18e- of 19e-iuwsk. Yn 1983 waard it kleaster tafoege oan de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed. Nettsjintsteande de grutte betsjutting fan it kleaster foar de skiednis fan it lân, is it tal muontsen hjoeddedei mar hiel lyts.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:John of Rila