[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jan Arendz

Ut Wikipedy
Jan Arendz
akteur
sêne út Arends’ Arendz
sêne út Arends’ Arendz
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Arendz
berne 26 febrewaris 1952
berteplak Jeth
jierren aktyf 1974 - no
prizen Pyt van der Zee-priis
sêne út Arends’ Arendz
sêne út Arends’ Arendz

Jan Arendz (Jeth, 26 febrewaris 1952) is in Fryske akteur út Wytgaard dy't by Tryater spilet.

Jan Arendz komt út it amateurtoaniel en is dêryn ek aktyf as dosint, coach en sjuerylid. Arendz groeide op as âldste fan fiif bern op in pleats. Hy gie earst nei de MULO en dêrnei nei de HBS yn Snits. Nei noch twa jier Havo-top waard er röntgenlaborant yn it diakonessehûs yn Ljouwert. Yn Boazum spile er mei in groepke ienakters. Graach hie er nei de toanielskoalle wold, mar de menniste dûmny sei: "Er zijn goede en slechte akteurs. Er zit niks tussenin. Waar hoor jij bij?" Hy gie dus net nei de toanielskoalle en hat altiten nei dûmny hearre moatten. Arendz is troud mei Marijke Geertsma dy't ek by Tryater spilet. Hy wenne letter yn Ljouwert.

Yn 2010 krige er de Pyt van der Zee-priis. De priis waard him útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries, dy't mei him in dialoochje spile yn de styl fan de kafeefoarstelling Twa.

Stikken dêr't Jan Arendz yn spile fan 1974 ôf:

  • Hwa wurdt beppe fan Jan de Vries (premiere 3-10-1974)
  • In nacht wie genôch fan Sauvajon (prem.1975)
  • Odysseus yn Bjirmerhaven fan Dimitri Frenkel Frank (18-09-1976)
  • De acteurs fan Otto Dijk (2-12-1977)
  • Thús fan Oene Spoelstra (4-03-1978)
  • Klotske fan Trinus Riemersma, Hylkje Goïnga en oaren (21-09-1978)
  • Roel de robot fan de Skoallegroep (16-01-1979)
  • De Hogerhuissaek fan Douwe Tamminga (12-09-1979)
  • Simson fan Fedde Schurer (15-01-1980)
  • Lekker op de bêden springe fan de Skoallegroep (11-03-1980)
  • In tankbere gast fan Yme Schuitmaker (24-09-1980)
  • Ik kin net oars fan Oene Spoelstra (12-12-1980)
  • Der sit in beppe op myn keammerke fan Skoallegroep(9-02-1981)
  • De keardels fan it kastleinske fan Edward Albee (24-04-1981)
  • In doarp sa lyts fan Oene Spoelstra (26-01-1982)
  • Fanke dat is jongenswurk fan de Skoallegroep (10-05-1982)
  • Yn 'e hobbel fan Alan Ayckbourn (30-09-1982)
  • In likje huning fan Shelagh Delany (16-12-1982)
  • De Les fan Ionesco (17-03-1983)
  • Ta nut fan 't algemien fan Walter van den Broeck (22-09-1983)
  • De triljende ierde fan Piter Terpstra (15-12-1983)
  • Himmel waar hjoed fan David Storey (13-03-1984)
  • Ut fan Nick Hall (20-09-1984)
  • Dei út it libben fan in deade mosk, Peter Nichols (7-02-1985)
  • Dreame by midsimmernacht fan Shakespeare (14-05-1985)
  • Equus fan Peter Schaffer (31-10-1985)
  • Wy binne dochs freonen fan Alan Ayckbourn (22-02-1986)
  • Nora fan Hendrik Ibsen (25-09-1986)
  • De feint fan twa masters fan Carlo Goldoni (10-12-1986)
  • Romeo en Julietta fan Shakespeare (12-03-1987)
  • Wize Hans fan Herman Heijermans(17-02-1988)
  • Richard III fan Shakespearre (9-02-1989)
  • Tsjoentsjettel fan Folkert Oldersma (10-05-1989)
  • Lytse Eyolf fan Henrik Ibsen (24-01-1991)
  • De ûndergong fan Fryslân fan Peter te Nuyl (6-04-1991)
  • Finzen yn fantasy fan Alan Ayckbourn (24-10-1991)
  • Seis personaazjes om in skriuwer út fan Pirandello (2-04-1992)
  • Amphitryon fan Moliere (23-01-1992)
  • Heit fan Hugh Leonard (17-12-1992)
  • It Kersenhôf fan Anton Tsjechov (12-03-1993)
  • Berchtaal fan Harold Pinter (2-09-1993)
  • De dea en it fanke fan Ariel Dorfman (5-11-1993)
  • Andorra fan Max Frisch (11-03-1994)
  • De Kanadeeske muorre fan Herman Brusselmans en Tom Lanoye (7-10-1994)
  • Lijers fan Xavier Kroetz (16-12-1994)
  • De mieu fan Anton Tsjechov (3-03-1995)
  • ABE! fan Bouke Oldenhof ( It Hearrenfeanstadion 17-09-1995)
  • In Fryske adelborst fan Karst Woudstra (23-11-1995)
  • Hamlet fan Shakespeare (1-03-1996)
  • Twa fan Jim Cartwright (29-10-1996)
  • Hertejacht fan 10 fryske skriuwers (7-03-1997)
  • Pak 'm Stanzi fan Claire Luckman (14-11-1997)
  • De dea fan in hannelsreizger fan Arthur Miller (8-10-1998)
  • In skelet yn Ierlân fan Martin McDonagh (22-01-1999)
  • Peer Gynt fan Hendrik Ibsen ( Oerol 11-06-1999)
  • De Gebedsgenêzer fan Brian Friel (6-10-2000)
  • Ronja de rôversdochter fan Astrid Lindgren (16-12-2000)
  • Medea fan Euripides (9-03-2001)
  • Wat in téater! Fan Michael Frayn (26-10-2001)
  • De ynbylde sike fan Moliere (15-02-2002)
  • Baarderlân fan Romke Toering (4-10-2002)
  • Kening Lear fan Shakespeare (Drachten maneezje 24-05-2003)
  • Blessueretiid fan Jeroen v.d.Berg (26-09-2003)
  • Hansje Brinker fan Flip Broekman (19-12-2003)
  • Ald papier fan Stany Crets (7-10-2004)
  • De op- en delgong fan Lytse Fûgel fan J.Carwright (11-03-2005)
  • Blowing fan Jeroen v.d.Berg (7-10-2005)
  • Gasten fan Oliver Bukowski (16-02-2006)
  • Polaroid fan Jeroen v.d.Berg (23-02-2007)
  • Arendz 'Arends fan Jan Arendz (9-12-2007)
  • Brân Brân fan Dennis Potter (22-02-2008)
  • Eintsje libben fan Rients Gratama (10-10-2008)
  • Gleone Gloede fan John Steinbeck ( Oerol 14-06-2008)
  • 11Stêdetocht fan J.Veldman, T.Bischop en oaren (20-12-2008)
  • Fan de stêd en it libben eigen produksje Tryater (3-10-2009)
  • De striid om de Sulveren Bal fan Wiske Sterringa (18-12-2009)
  • Master & Margarita fan Michail Boelgakov (11-06-2010)
  • Drang fan Tjeerd Bischof (15-10-2010)
  • Sterk Staaltsje fan Jan Arendz en Marijke Geertsma(24-03-2011)

Arendz fertelt mei syn frou yn it programma Fan skript ta foarstelling by ferienings oer harren wurk as toanielspilers.

Stikken dêr't Jan Arendz de rezjy fan dien hat by Tryater

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Jan Arendz hat de stim ynsprutsen fan it lústerboek De bruorren Liuwehert fan Astrid Lindgren (2006)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
  • De Moanne, jannewaris 2008