[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tjelal ed-Din Rûmy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jalal ad-Din Rumi)
Grêf fan Tjelal ed-Din Rûmy
Mevlâna mausoleum, Konya, Turkije

Tjelal ed-Din Rûmy (Turksk: Celalettin-i-Rûmi, sprek út: Tjelaleddin Roemy) (30 septimber 1207 - 17 desimber 1273) wie in dichter en soefy mystikus. Rûmy is ien fan de wichtichste persoanen út de Turkske en Perzyske dichtkeunst. Hy is benammen bekend troch syn religieuze gedichten dêr't er God yn priizget. Yn religieuze fermiddens wurdt er ek wol Maulana of Mevlana neamd, dat "ús master" betsjut.

Rûmy is berne yn de stêd Balkh yn de omkriten fan Khorasan, dat doe yn it ryk lei fan de Khwarazmshahs en tsjintwurdich yn Afganistan. Dêrwei ferhuze er nei Tabriz yn Perzje en letter nei Konya yn it hjoeddeistige Turkije. De Khwarazmshahs wienen Turkse hearskers dy't de Perzyske kultuer adoptearre hienen nei it ferfal fan Seljoek yn East-Aazje.

Yn it midsiuwske Konya wie Rûmy de liedende figuer fan de soefybeweging. Syn grêf is noch hieltyd in hillich plak foar syn folgelingen. Hy stifte ûnder oaren de dûnsjende derwisjen, in soefy-oarder fan religieuze dûnsers en muzikanten. By it dûnsjen draaie sy om harren hinne, wêrby't sy meditearje en hieltyd de namme fan God oanroppe.

Immen mei in leech en suver hert
wjerspegelet bylden fan de Unsichtbere.
Hy wurdt yntuïtyf en ken ús djipste gedachten,
want de leauwigen binne in spegel foar inoar.

(Masnavî I, 3146-3147)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]