Derwisj
In derwisj is in islamityske geastlike dy't de gelofte dien hat fan earmoede. It wurd is ôflaat fan dar, Perzysk foar doar, en wisj, in bepaalde foarm fan it Perzyske tiidwurd foar sitte. In derwisj is dus ien dy't mar oan ien doar sitte wol, de doar fan de godlike Leafde. Neffens oaren komt de namme fan it Perzyske wurd darwich, dat earm betsjut, in "darvesh" is in bidler.
De derwisjen nimme in aparte plak yn binnen de soefy's, dy't mystike bruorskippen binnen de Islam foarmje en leauwe dat God oanwêzich is yn alles wat bestiet; minsken, dieren en dingen. De derwisjen ûntstiene yn de 8e iuw neidat de islam yn kontakt rekke wie mei de Perzyske godstsjinsten en it hindoeïsme.
De mystike lear wurdt foarôfgeand troch in ynwijing troch in autorisearre learaar op it soefy-paad. De mystike lear, dy't de soefys nei de ynwijing bybrocht wurdt, wykt op sommige punten ôf fan de offisjele foarskriften dy't de koran jout.
Der binne derwisjen dy't wenje of gearkomme yn soefy-sintra as (Zaouïa (Arabysk), Khanqah (Perzyzsk) of Tekké (Turksk), oaren hawwe in normaal libben. Sy wenje tusken de minsken en wurkje.
Derwisj-oarders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste religieuze Derwisj-oarders (tarikwas) binne:
- de tjestijja (Chishtiyya), stiften troch Aboe Ishaaq Sjami,
- de mawlawijja (Mevlevi), de rûntoljende of dûnsjende derwisjen, dy't har oarsprong fine by de folgelingen fan Roemy,
- de kwadirijja (Kwadiriyya) of learlingen fan 'Abd al-Qadir al-Djilani,
- de sohrawardijja (Suhrawardiyya), stiften troch Aboe Nadjieb as-Sohrawardi, en
- de naqsjbandiyya (Naqshbandiyya), oprjochte troch Aboe Ya'qoeb al-Hamadani.
- de rifa’i’s , de gûlende of kriezjende, sy ite glês en slokke swurden yn.
Yn folksferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In derwisj hat yn folksferhalen meastal in magysk Godlik karakter. Hy komt foar it ljocht en ferdwynt yn it neat (meastentiids yn de stal fan in âlde man).