[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jonathan (skyldpod)

Ut Wikipedy
Jonathan (skyldpod)
Jonathan yn 2021
Jonathan yn 2021
bysûnderheden
berne ± 1832
berteplak Seychellen
reden
  bekendheid
âldst bekende lândier fan 'e wrâld
Jonathan foar it Plantation House (2022)

Jonathan (útbret om 1832 hinne) is in reuzeskyldpod fan de Seysjellen (Aldabrachelys gigantea hololissa), in ûndersoarte fan de Aldabra reuzeskyldpod (Aldabrachelys gigantea). Hy is 191 jier fan 2024 ôf, dêr 't er it âldste bekende lândier mei is. Jonathan wennet op it eilân Sint Helena, in Britsk Oerseesk Gebiet yn de Súd-Atlantyske Oseaan.

Jonathan (links) mei in oare reuzeskyldpod (1886) (53-54 jier âld)

Jonathan, útbret om 1832 hinne, waard yn 1882 nei Sint-Helena brocht fan de Seysjellen yn de Yndyske Oseaan wei, tegearre mei trije oare skyldpodden doe 't er sawat 50 jier âld wie. Hy krige syn namme yn de jierren 1930 fan gûverneur fan Sint-Helena Sir Spencer Davis en hat 31 gûverneursterminen meimakke. Hy libbet noch hieltyd op it terrein fan Plantation House, de offisjele residinsje fan de gûverneur; it regear fan Sint-Helena stiet noed foar syn fersoarging.

Op 4 desimber 2022 organisearren lokale bewenners trije dagen lang Jonathan's jierdei; se presintearren in taart dy 't folslein makke wie fan syn favorite sûne iten.

Yn jannewaris 2024 moete Jonathan prins Edward, hartoch fan Edinburgh, by syn besite oan Sint-Helena. Jonathan trof earder de hartoch syn mem Elizabeth II en pake George VI yn 1947. Prins Philip kaam ek op besite yn 1957.

De efterkant fan de 5 pence munt fan St Helena hat in ôfbylding fan Jonathan. [1]

Doe 't er yn 1882 nei Sint-Helena brocht waard wied er 'folwoeksen'. 'Folwoeksen' betsjut dat er minstens 50 jier âld wie, dat hy kaam net letter as 1832 út it aai. In foto fan Jonathan dêr 't oarspronklik fan tocht waard dat er út 1902 stamde, datearret yn werklikheid út 1886, dêr 't Jonathan fjouwer jier nei syn oankomst op Sint-Helena te sjen is.

De tastân fan de skyldpod waard yn desimber 2015 beskreaun as 'libben en sûn' troch bistedokter Joe Hollins. Jonathan koe lykwols net mear rûke en sjen (fanwegen staar), mar hie noch wol poerbêste earen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: