[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

It Bûthúsbankje

Ut Wikipedy

'It Bûthúsbankje' is in Frysk liet fan De Wiko's.

It 'boereblues'nûmer waard skreaun troch Kobus Algra fan de Wiko’s. In bûthúsbankje (d.w.s. in bankje yn in bûthús) waard eartiids brûkt om elkoar wat nijs te fertellen of om it buorkjen te bepraten en oer te eidzjen hoe as de wrâld der hinne lei of wat er allegearre bard wie.

Doe’t de sike Kobus Algra op 20 oktober 2013 ôfskied naam fan syn publyk, waard yn de útferkochte Roelengahal yn Menaam ek It Bûthúsbankje spile. It ôfskiedskonsert waard útstjoerd troch Omrop Fryslân. Nei in oprop fan presintator Geert van Tuinen waard it nûmer dat jier keazen nûmer 1 op de Fryske Top 100.

  • De Hits Fan Frysk FM – Diel 3 (2018, CD)
  • De hits fan Frysk FM, diel 3 (Marista, 2017, CD)
  • Matsje fan Jan fan Teake van der Meer (CD)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân, 3 (Marista, 2009, CD)
  • 40 jaar Wiko's (Marista, 2009, DVD)
  • Werom yn’e tiid fan Griet Wiersma (2004, CD)
  • Fryslân Muzyklân 2 (Marista 2001, CD)[1]
  • Werom yn de tiid’’ (july 2000, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: