Into the Grave
Into the Grave | ||
Into the Grave festival 2016 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
holden yn | Aldehoustertsjerkhôf | |
tiid fan it jier | mids augustus | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | ITG | |
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | heavy metal | |
bestean | 2011 – no | |
offisjele webside | ||
intothegrave.nl |
Into the Grave (Ingelsk foar: "It Grêf Yn") is in muzykfestival fan trije dagen dat elts jier op in freed en de dêropfolgjende sneon en snein yn 'e simmer holden wurdt yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1] It is wijd oan it hardrock-subsjenre heavy metal.[1] Elts jier komme der, op 'e beide dagen dat Into the Grave holden wurdt, sa'n 5.000 minsken op it festival ôf.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de plande edysje fan Into the Grave fan 2010 troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ferbean waard út eangst foar ûngeregeldheden, waard it evenemint foar it earst organisearre yn 2011.[2] Sûnt fynt it elts jier plak op it Aldehoustertsjerkhôf, yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Hoewol't organisators Tjerk Maas en Paul van Berlo dat noch altyd in "supertoffe lokaasje" fine, hawwe ferskate swierrichheden al de kop opstutsen, benammen foar de edysje fan 2018.[1]
Yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 waard nammentlik oan 'e eastein fan it Aldehoustertsjerkhof it paviljoen Obe boud. It gefolch dêrfan wie dat de romte dy't foar it hâlden fan Into the Grave beskikber is, flink ynkoarte waard. It festival koe sadwaande yn 2018 minder besikers talitte as de foargeande jierren, wylst it eins krekt grutter groeie woe.[1] Oan 'e wurknimmers fan Obe of fan Tresoar, oarekant de Grienedyk, lei it neffens de organisators net; dy letten en setten harren op alle mooglike manieren. It wie krekt de gearwurking mei de Gemeente Ljouwert dy't stûke.[1]
Sa woe Into the Grave graach in twadde poadium en in eigen camping hawwe dêr't de besikers oan it twadeiske evenemint oernachtsje koene. Sels seagen se beide graach yn 'e Prinsetún, fuortby it Aldehoustertsjerkhôf,[1] in idee dêr't kollumnist Pieter de Groot yn 'e Ljouwerter Krante tsjin fanwegen kaam.[3] De gemeente hie anno 2018 (noch) gjin thús jûn yn reaksje op dizze plannen fan Into the Grave, wat troch de organisators ynterpretearre waard as in faai teken.[1] Neffens Van Berlo beriedt de organisaasje him sadwaande serieus op in eventuele ferpleatsing fan it muzykfestival. Der wurdt bygelyks tocht oan it fleanfjild fan Drachten.[1] Neffens De Groot soe Into the Grave mei sa'n ferhuzing sawol de Gemeente Smellingerlân as de Gemeente Ljouwert in tsjinst bewize.[3]
Begjin novimber 2018 waard lykwols bekendmakke dat Into the Grave foarearst gewoan op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert bliuwe soe.[4] Dat kaam mei om't de gemeente ûnderwilens oanjûn hie it festival graach foar Ljouwert behâlde te wollen. Der wie dêrom ôfpraat dat der fan 'e edysje fan 2019 ôf njonken it poadium op it Aldehoustertsjerkhôf in twadde poadium komme soe fierder eastlik oan 'e Grienewei, op 'e hichte fan 'e Popbunker yn 'e Prinsetún. Van Berlo joech oan dat er dêrmei "de kommende twa jier wol foarút" koe.[4] Foar de edysje fan 2021 waard noch in nij plak socht, mooglik op 'e Werpsterhoeke of op it parkearterrein by it nije Cambuurstadion efter it WTC.[4] Fierders waard tagelyk ek bekendmakke dat Into the Grave mooglik al yn 2019 útwreide wurdt mei in trêde dei.[4] Dat waard ein jannewaris 2019 befêstige: foar de edysje fan 2019 kaam der in trêde dei, dy't fergees tagonklik wie foar publyk fan 'e oare beide dagen dy't in 'combiticket' sjen litte koene. Op dy wize woe Into the Grave neffens it parseberjocht fan 'e organisaasje "wat weromdwaan" út tank oan Ljouwert en syn ynwenners.[5]
Optredende bands
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Online edysje 2020
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De edysje fan 2020 gie net troch ta gefolch fan de koroana-krisis. Waard earst útsteld oant 2021, mar stiet no foar 2022 op de planning. Yn poppoadium Neushoorn waard yn 2020 in online edysje organisearre. Der wiene in beheind tal kaartsjes beskikber foar de optredens sels.
Datum | Bands |
---|---|
7 augustus | Sisters of Suffocation · Atmoran |
8 augustus | Famyne · Bring on the Bloodshed · Insurrection |
9 augustus | Dead Lord · Bodyfarm · The Heritance |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|