[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hidden Hills (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Hidden Hills
De Long Valley Road-poarte nei Hidden Hills
De Long Valley Road-poarte nei Hidden Hills
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles
Sifers
Ynwennertal 1.856 (2010)
Oerflak 4,4 km²
Befolkingsticht. 424,4 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Oar
Stifting 1961
Postkoade 91302
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 34°10′03″N 118°39′39″W
Offisjele webside
www.hiddenhillscity.org
Kaart
De Long Valley Road-poarte nei Hidden Hills
De lizzing fan Hidden Hills yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.

Hidden Hills is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles, oan 'e westgrins fan Los Angeles County. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wennen der doe krapoan 1.900 minsken, wêrûnder in protte akteurs út 'e filmyndustry fan Hollywood en oare ferneamde Amerikanen. Hidden Hills stie ferskate kearen boppe-oan op 'e ranglist fan rykste stêden fan 'e Feriene Steaten.

Hidden Hills waard yn 'e 1950-er jierren ûntwurpen en oanlein troch A.E. Hanson, in ferneamde Kalifornyske lânskipsarsjitekt en fêstgoedûntwikkeler. It plakje krige yn 1961, tagelyk mei syn earste bewenners ek daliks stedsrjochten.

Hidden Hills leit yn 'e súdlike Simi Hills, oan 'e westein fan 'e San Fernandofallei, dy't ta de stêd Los Angeles heart. It is in sletten mienskip mei in publyk tagonklike legere skoalle by ien fan 'e trije tagongspoarten. Oan 'e noardkant grinzget de stêd oan it natoerpark de Upper Virgenes Canyon Open Space Preserve, dat bedoeld is foar hynsteriden, fytsen, kuierjen en oare foarmen fan rekreaasje. Besuden Hidden Hills leit it Leonis Adobe National Historic Landmark, in iepenloft-pioniersmuseum.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Hidden Hills 15,9% âlder as 65 jier en 28,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 16,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 87,4% blanken; 6,6% Latino's; 2,3% Aziaten; 2,0% swarten; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Ferneamde ynwenners fan Hidden Hills binne û.m.: realitystjer Kim Kardashian, sjongster en aktrise Jennifer Lopez, aktrise Denise Richards, countrysjongster LeAnn Rhimes, popstjer Britney Spears en rapper Kanye West. Ek special effects-technikus en Oscar-winner Grant McCune wenne oant syn dea yn 2010 yn Hidden Hills.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.