[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hardcover

Ut Wikipedy
In steapeltsje hardcovers.

In hardcover ("hurdkaft", fan it Ingelske hard, "hurd", en cover, "kaft") is in boek dat ynbûn is tusken twa hurde, beskermjende kaften. Sokke kaften binne ornaris fan karton makke en bedutsen mei stevich papier (dat gauris plestifisearre is), mei in weve stof, of inkeld ek wol mei lear. De rêch fan in hardcover kin bûchsum wêze, sadat it boek yn iepene tastân plat op in oerflak lizze kin, mar it kin ek fêstlime wêze.

Yn 'e regel is de kaft fan in hardcover noch fierder beskerme troch de tafoeging fan in papierrene omslach. Oarspronklik wie dy bedoeld om 'e mei weve stof oerdutsen kaften stoffrij te hâlden (dêrfandinne de Ingelske term dust jacket, "stofjaske"), mar tsjintwurdich tsjinje omslaggen fral as ûndergrûn foar artistike ôfbylden op 'e foarkant, dy't it boek oantrekliker meitsje moatte foar de keaper. De efterkant fan 'e omslach wie foarhinne it plak dêr't men de blurb ôfdrukte, in koarte gearfetting fan 'e ynhâld fan it boek, mar tsjintwurdich wurdt dy, fral by fiksje en faak mei in koarte libbensbeskriuwing fan 'e auteur derby, op 'e beide nei binnen ta (om it kaft hinne) tearde dielen fan 'e omslach ôfprinte. De efterkant fan 'e omslach is dan reservearre foar sitaten út loovjende resinsjes. It komt lykwols ek wol foar, benammen by berneboeken, dat sokke ôfbylden streekrjocht op 'e kaft printe wurde en dat de omslach ûntbrekt.

Hardcovers binne faak printe op soerfrij papier, en binne folle duorsumer as paperbacks, dy't bûgbere papierrene kaften hawwe dy't maklike skansearre reitsje. Hoewol't hardcovers marginaal djoerder binne om te produsearjen, binne se yn 'e boekhannel oer it algemien wol twa oant twa en in heal kear sa djoer as paperback-edysjes fan deselde titels. Der falt foar útjouwers dus folle mear te fertsjinjen oan in hardcover as oan in paperback.

Wêr't in útjouwer foar kiest, hinget yn 'e regel ôf fan 'e ferwachte ferkeapsifers. As ferwachte wurdt dat in boek in bestseller wurde sil, of alteast bêst ferkeapje sil, dan wurdt it ornaris útbrocht as in hardcover. In healjier oant in jier letter folget dan in twadde edysje yn 'e foarm in trade paperback, dy't itselde formaat as de hardcover hat, en noch in healjier letter in trêde edysje yn 'e foarm fan in mass market paperback, dy't folle lytser fan formaat is, mei tinner papier en in lytser lettertype. Ferwachtet men lykwols net dat in boek it bysûnder goed dwaan sil, dan wurdt it ornaris daliks al as in paperback útbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.