[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Harald Bohr

Ut Wikipedy
Harald Bohr
Harald Bohr en Luitzen Brouwer, Zurich 1932
Harald Bohr en Luitzen Brouwer, Zurich 1932
persoanlike bysûnderheden
echte namme Harald August Bohr
nasjonaliteit   Deensk
berne 22 april 1887
berteplak Kopenhagen
stoarn 22 jannewaris 1951
stjerplak Kopenhagen
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar
aktyf as Wiskundige
reden
  bekendheid
Bohr-Landau teorema

Harald August Bohr (Kopenhagen, 22 april 1887 - dêre, 22 jannewaris 1951) wie in Deensk wiskundige. Hy wie de jongere broer fan Nobelpriiswinner Niels Bohr en wie heechlearaar oan de universiteit fan Kopenhagen. Syn ynternasjonale ferneamdens hat er te tankjen oan syn wurk oan Dirichletrigen en in stúdzje nei de Riemann-zeta-funksje, tsjintwurdich bekend ûnder de namme Bohr-Landau teorema.

By it grutte publyk wie Bohr fral bekend as fuotballer fan it Deenske team dat yn 1908 by de Olympyske Simmerspullen 1908 yn Londen twadde waard. De Denen ferlearen mei 0-2 fan Grut-Brittanje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]