[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hans Faverey

Ut Wikipedy
Hans Faverey
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Antonius Faverey
nasjonaliteit Nederlânsk
Surinaamsk
berne 14 septimber 1933
berteplak Paramaribo (Suriname)
stoarn 8 july 1990
stjerplak Amsterdam (Nederlân)
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzij
prizen Jan Campertpriis 1977
Constantijn Huygenspriis 1990
jierren aktyf 19681990
offisjele webside
n.f.t.

Hans Faverey (folút: Hans Antonius Faverey; Paramaribo, 14 septimber 1933Amsterdam, 8 july 1990) wie in Nederlânsk dichter fan Surinaamsk komôf.

Faverey waard berne en groeide op yn it Surinaamske Paramaribo, en kaam letter oer nei Nederlân foar syn stúdzje. Beropsmjittich wied er ferbûn as wittenskiplik meiwurker oan 'e fakulteit psychology fan 'e Ryksuniversiteit Leien.

Faverey syn earste beide dichtbondels, Gedichten, út 1968, en Gedichten 2, út 1972, waarden troch literêr kritisy net bjuster wurdearre, mar dochs wûn er mei syn debútsamling de Poëzijpriis fan de Gemeente Amsterdam. Nei it ferskinen fan syn trêde bondel, titele Chrysanten, Roeiers, yn 1977, dêr't er de Jan Campertpriis mei wûn, folge in frij flotte akseptaasje fan Faverey troch de literêre fermiddens yn Nederlân, wêrby't er wol ferlike waard mei Gerrit Kouwenaar en Lucebert.

It dichtwurk fan Hans Faverey wurdt gauris oantsjutten as dreech, al ûnderfûn er it sels hielendal net op dy manear. Dat er mei syn iere publikaasjes net folle súkses hie, wurdt wol witen oan dizze dregens, dy't syn gedichten ûnbegrûnlik makke foar it bredere publyk. Nei de útjefte fan Chrysanten, Roeiers krige er ynienen wól súkses, mar dat lei neffens in literêr ûndersyk dat dêrnei dien is, net oan in ynienen opkommen begryp fan syn wurk, mar ynstee benammen oan it feit dat poëzijlêzers blykber foar in grut part blyn farre op 'e literatuerresinsinten, dy't Faverey doe àl begûnen te wurdearjen

  • 1968 - Gedichten
  • 1972 - Gedichten 2
  • 1977 - Chrysanten, Roeiers
  • 1978 - Lichtval
  • 1980 - Gedichten
  • 1983 - Zijden Kettingen
  • 1985 - Hinderlijke Goden
  • 1988 - Tegen het Vergeten
  • 1990 - Het Ontbrokene
  • 1993 - Verzamelde Gedichten (postúm)
  • 2000 - Springvossen (postúm)

Faverey yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate gedichten fan Hans Faverey binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertalings fan fersen fan Faverey, Rutger Kopland, Tom van Deel en Gerrit Achterberg binne yn te sjen by Tresoar, al is út it lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar net op te meitsjen oft se ea publesearre binne, of fan hokker jier oft se datearje (útsein de fermelding "20e eeuw").

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fersen fan Rutger Kopland; Tom van Deel; Hans Antonius Faverey; en Gerrit Achterberg mei oersettings fan Klaas Bruinsma, "20e eeuw", Tresoar, oanfraachnû. 099.212.1.5.