Hamsterrotten
Hamsterrotten | ||
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae) | |
ûnderfamylje: | hamsterrotten (Cricetomyinae) | |
Roberts, 1951 | ||
De hamsterrotten (wittenskiplike namme: Cricetomyinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea) en de famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae). Hamsterrotten binne lânseigen op it fêstelân fan Afrika besuden de Sahara, mei útsûndering fan 'e súdpunt fan it kontinint. Se binne besibbe oan û.m. de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen, dy't ek ta de Afrikaanske mûzen en rotten hearre.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hamsterrotten hawwe grutte wangpûden en harren kiezzen hawwe in morfology dy't ôfwykt fan dy fan oare soarten Afrikaanske mûzen en rotten. Eins lykje de kiezzen fan 'e hamsterrotten sterk op dy fan 'e mûzen en rotten fan 'e Alde Wrâld (Murinae), in ûnderfamylje fan 'e mûseftigen (Muridae), mar saakkundigen ornearje dat dat komt troch parallelle evolúsje, om't beide groepen bisten harren kiezzen krekt-en-gelyk brûke, en net om't se nau besibbe wêze soene. De ûnderfamylje fan 'e hamsterrotten bestiet út trije hiel ferskillende skaaien. De echte hamsterrotten (Beamys) binne middelgrut, rûchwei like grut as in brune rôt; de hamstermûzen (Saccostomus) binne lytser, wylst de reuzehamsterrotten (Cricetomys) de grutste soarten fan 'e mûzen en rotten omfiemje, dy't noch in slach grutter binne as in flinke muskusrôt.
Famylje-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |