[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Habyt

Ut Wikipedy
Hoasfuotlingse karmelitessen

In habyt, fan it Latynsk habitus ("klean"), is de deistige klaaiïng fan in mienskipoarde, meastentiids yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, mar it kin ek in mienskip bûten de Roomsk-Katolike Tsjerke of it kristendom wêze. Ek guon oardemienskippen fan de Anglikaanske Tsjerke drage bygelyks in habyt. Yn it gefal fan muontsen wurdt de klaaiïng ek wol pij neamd.

It wurd habyt is ôflaat fan it Latynske habitus, dat 'hâlding' of 'uterlik oansjen' betsjut. It habyt kin út meardere dielen fan de foar in oarde typyske klaaiïng bestean.

Yn 'e regel drage katolike muontsen in kape en in tunyk; in oant de fuotten rikkend himd fan dikkere stof mei om de mul in koarde. Oer de tunyk wurdt faak in skouderkleed ('scapulier') droegen. Ek de tapaste kleuren fan in habyt binne belangryk foar de werkenberens fan in oarde.