[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hormûz

Ut Wikipedy
Lizzing Hormûz
Strân by Kherz op Hormûz

Hormûz of Hormoz, earder ek Ormoez, is in Iraansk eilân yn de Strjitte fan Hormuz yn de Perzyske Golf, tsjinoer de havenstêd Bandar Abbas. De namme fan it eilân is ôflaat fan Ahura Mazda, de god fan it zoroastrisme.

Hormûz is oerdytsen mei sedimintêre rotslagen en lagen fulkanysk materiaal. It heechste punt fan it eilân leit sa'n 186 meter boppe see. Troch it brekme oan delslach is de grûn en it wetter frijwat sâlt. Spesjialisten binne slagge in kultivar fan Hara-beammen te kweken dy't it yn dit klimaat goed docht. Iraanske ingenieurs hawwe soarge foar in wetterlieding, dy't grûnwetter fan it fêstelân nei it eilân bringt.

Hormûz heart ta de provinsje Hormozgan en hat in oerflakte fan 42 km2.

Hormuz wie fan de 10e iuw oant it begjin fan de 17e iuw it sintrum fan it Keninkryk Ormûs.

De Sineeske admiraal Zheng He berikte it eilân op syn fjirde reis om 1414 hinne.

De Portegezen feroveren it eilân yn 1515. De stêd HormUz oan de noardkant fan it eilân wie ien fan de meast wichtige hannelstêden yn it Midden-Easten. It Keninkryk Ormûs waard in fazalsteat fan de Portugezen. Ut dit tiidrek stamt it Portugeeske fort op Hormûz ek.

Yn 1622 waarden de Portegezen ferdreaun troch de Perzen ûnder sjah Abbas I de Grutte, yn 'e mande mei de Britske Eastyndyske Kompanjy, de Portugezen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]