Hof fan Fryslân
It Hof fan Fryslân wie in regearingskolleezje yn Ljouwert dat yn 1499 oprjochte waard troch Albrecht fan Saksen om mei de steedhâlder bestjoer en rjochtspraak út te oefenjen. It Hof bestie oant en mei 1811.
Oant yn de Opstân tsjin Spanje (1576) wie it Hof de lânshear tadien; dat de riedshearen moasten ferfongen wurde. It Hof kaam fan sân, oer njoggen op 12 leden, (dy't foar it libben beneamd wiene) en moast him nei 1581 - ûndanks tsjinstân - ta de justysje bepale. Politike macht wie dêrmei útsletten. It Hof wie allerearst foar de strafrjochtspraak fan swiere delikten yn earste ynstânsje: oertrêdings hannelen de Nedergerjochten ôf (mei in berop op it Hof).
Yn sivile saken wie it Hof eins allinnich beropsynstânsje. It Hof spruts sûnt 1504 rjocht nei de saneamde Saksyske Ordonnânsje yn 1602 ferfongen troch de 'Statuten, Ordonnantiën en Costumen', wersjoen yn 1723.
Fan grut belang wie dêrneist it Romeinsk Rjocht.
Bataafske Republyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 maart 1798, ûnder de Bataafske Republyk, krige it Hof in nije namme: Hof van het voormalig gewest Friesland. It gerjochtshof fan it Departemint fan de Iems soe oarspronklik yn Grinslân fêstige wurde, mar dit plan is nea útfierd. Op 15 july 1802 krige it Hof har âlde namme werom: "Hof fan Fryslân".
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fruin, Robert, Geschiedenis der staatsinstellingen in Nederland tot den val der Republiek (2e bewurke druk, De Haach 1922) 266-267.
- Schouten, P., e.o., Hedendaagsche historie of tegenwoordige staat van Friesland 4 (Amsterdam, Leden, Doardt, Harns 1789) 139-171.
- Vries, O., e.o., De heeren van den raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het hof van Friesland, 1499-1811 (Hilfertsom 1999) 11-177.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hof van Friesland (1499-1811): historici.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|