[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hotze Klots

Ut Wikipedy
Hotze Klots
Hotze Klots
Hotze Klots

Hotze Klots is de namme fan in Frysktalige printeboekerige. It stripke wurdt makke troch Aart Cornelissen en Otto Gielstra. Neist de eigene printeboeken binne de ferhalen fan Hotze Klots ek yn oare media te finen.

Hotze Klots is in jongfeint út Makkum dy't út in ferneamd keatslaach komt. Yn syn boeken belibbet hy allegear aventoeren, hjiryn wurdt hy bystien troch in âld fisker. Lykas as syn foarâlden beskikt ek Hotze oer goed wat keatstalint, allinnich fynt Hotze neat oan it spultsje. Mar as de 'âlde fisker' yn it libben fan Hotze komt feroaret alles. Yn it twadde part fan de printeboekerige blykt dat Hotze ek goed reedride kin.

Op it stuit binne der twa albums fan de strip makke, oan in tredde wurdt op it stuit wurke:

  1. Hotze Klots - De goudene keatswant, ferskynd yn 2005
  2. Hotze Klots - De opdracht fan Thialf
  3. Hotze Klots - De Blankco Cheague (wurdt oan wurke)