Kuskokwim (rivier)
Kuskokwim | ||
De Kuskokwim en syn ôfwetteringsgebiet (giel). | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
ûntspringt yn | Kuskokwimberchtme | |
mûnet út yn | Kuskokwimbaai | |
lokaasje mûning | by Eek | |
plakken | Medfra, Nikolai, McGrath, Aniak, Bethel | |
sydstreamen | Grutte Rivier, Swift, Stony, Holitna, Aniak, Kwethluk, Eek | |
sifers | ||
lingte | 1.530 km (ynkl. foarken) | |
hichte boarne | 1.114 m | |
hichte mûning | 0 m | |
ferfal | 1.114 m | |
ôfwetteringsgeb. | 120.000 km² | |
ôffier (mûning) | 1.900 m³/s |
De Kuskokwim (Jûpik: Kusquqvak) is in rivier yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska, dy't ûntspringt yn it Binnenlân fan Alaska en útmûnet yn 'e Beringsee. It is ien fan 'e grutste rivieren fan Alaska en de op acht nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. It is ek de langste frijstreamende rivier fan 'e Feriene Steaten (d.w.s. sûnder keardammen en oare troch de minske oanleine obstakels). De Kuskokwim hat in lingte fan 1.530 km metten fan boarne nei mûning, en fan 1.130 km as men mjit fan 'e gearfloeiïng fan 'e wichtichste foarken nei de mûning. It ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier beslacht in oerflak fan 120.000 km². Winterdeis, as de Kuskokwim beferzen is, wurdt de rivier brûkt as iiswei foar weiferkear.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Kuskokwim' is in ferbastering fan 'e lânseigen Jûpik-namme foar de rivier, dy't yn 1826 troch in Russyske seeman optekene waard as Kusquqviim (yn modern Jûpik: Kusquqvak). Dat is in gearstald wurd dat "grut, traach bewegend ding" betsjut.
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kuskokwim ûntspringt yn it Kuskokwimberchtme yn it súdwesten fan it Binnenlân fan Alaska. De rivier hat in Noarderfoarke mei in lingte fan 400 km en in Easterfoarke mei in lingte fan 250 km dy't gearfloeie op in ôfstân fan likernôch 75 km eastnoardeastlik fan Medfra. De gruttere Suderfoarke, dy't ûntspringt yn it Alaskaberchtme, streamt yn noardnoardwestlike rjochting troch de bergen by Nikolai lâns en hat in lingte fan likernôch 320 km foar't er him by Medfra by de rest fan 'e rivier jout.
Dêrwei streamt de rivier oer in ôfstân fan 1.130 km yn westsúdwestlike rjochting. Sa'n 32 km súdwestlik fan Medfra jout de earste gruttere sydrivier, de Grutte Rivier (Big River) him by de Kuskokwim. Neitiid komt de rivier troch in ôfhandige delling tusken it Kuskokwimberchtme yn it noarden en it Alaskaberchtme yn it suden by it plak McGrath lâns, dêr't it Iditarod Trail de rivier krúst. Dêr mûnje út it suden wei ferskate sydrivieren yn 'e Kuskokwim út, wêrûnder de Swift, de Stony en de Holitna. Fierder nei it westen komt de rivier tusken de bergen wei út yn in reuseftige, mei marren besiedde en mei spjirrebosken begroeide alluviale flakte, súdlik fan it streamgebiet fan 'e gruttere Yukon.
Dêr streamt de Kuskokwim by ferskate lyterse Jûpik-doarpen lâns, wêrûnder Aniak, dêr't de rivier de Aniak út it suden wei yn 'e Kuskokwim útmûnet. Op datselde punt streamt de Kuskokwim ek it grutte Nasjonaal Faunareservaat De Yukondelta yn, dat him útstrekt oan 'e kust ta. By in flauwe bocht nei it noarden komt de Kuskokwim de Yukon oant op in ôfstân fan 80 km benei ear't er wer ôfbûcht nei it súdwesten. Ut it suden wei jouwe neitiid de Kisaralik en de Kwethluk har by de Kuskokwim. It grutste plak oan 'e rivier is Bethel, op likernôch 80 km fan 'e see. Dêr foarby ferbredet de Kuskokwim him ta in sompige delta. By Eek, oan 'e kust, jout de rivier de Eek him noch út it easten wei by de Kuskokwim, foar't dy úteinlik útmûnet yn 'e Kuskokwimbaai, dy't in ûnderdiel fan 'e Beringsee is.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânseigen befolking yn it streamgebiet fan 'e Kuskokwim wurdt foarme troch ferskate etnyske groepen. Oan 'e ûnderrin fan 'e rivier, tichter by de kust fan 'e Beringsee, libje de Jûpik (Yup’ik), in folk dat ta de Eskimo's heart. De bopperin is fan âlds it domein fan ferskate Yndiaanske stammen dy't Atapaskyske talen sprekke, te witten: de Ingalik (Ingalik, Deg Hit’an of Deg Xinag) oan 'e middenrin, de Koltsjan (Kolchan of Upper Kuskokwim) oan 'e bopperin en de Kojûkon (Koyukon) oan 'e Noarderfoarke by de Minchumina-mar.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tradisjonele foarm fan libbensûnderhâld oan 'e Kuskokwim bestiet út 'e fiskerij (fral op salm en houting) en de pelsjacht. Yn 1901 waard goud ûntdutsen yn 'e neite fan Aniak. Fersille goudieren yn it gebiet bringe ek hjoed de dei noch altyd wat goud op.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works Cited, op dizze side.
|