[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Krúspunt

Ut Wikipedy
Krúspunt op it Frânske plattelân, mei in warskôgingsboerd foar foarrang te jaan.
Krúspunt op de Franfurter Alleenring

In krúspunt is in ferkearsknooppunt fan diken, wetterwegen en spoarwegen. In knoopunt kin fan gelikense of ûngelikense hichte útfierd wêze.

Ferkearsregeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der kin ûnderskaat makke wurde fan regele en net-regele krúspunten.

  • Op net-regele krúspunten wurdt de foarrang allinnich mar regele troch algemiene ferkearsregels, sa as foarrang fan rjochts yn de measte lannen dêr't oan de rjochterkant riden wurdt.
  • Op regele krúspunten of foarrangskrúspunten wurdt de foarrang regele troch ferkearstekens, sa as ferkearsbuorden en troch dykmarkearrings sa as haaietosken. Yn bysûndere fariant is de rotonde.
  • Op krúspunten regele mei ferkearsljochten jilde de foarrangsregels allinnich wannear't de ferkearsljochten tydlik bûten wurking binne. Almeast steane der lykwols ferkearsbuorden by sokke krusings yn sokke gefallen.
Krusing yn Tverskaja Zastava yn Moskou

Der kin ek ûnderskaat makke wurde op grûn fan de foarm fan it krúspunt:

  • Trijesprong; in krúspunt mei trije ôfspjaltings. Farianten dêrfan binne in T-splitsing, dêr't in ôfspjalting by heaksk op de oare twa stiet, en in Y-splitsing.
  • Fjouwersprong; in krúspunt mei fjouwer ôfspjaltings.
  • Rotonde; in rûn krúspunt, dêr't almeast trije of mear diken op ôfkomme, en dêr't it ferkear op de rotonde foarrang hat.

Yn, benammen de Feriene Steaten, mar ek wol yn oare lannen, komme ek oare foarmen fa krúspunten foar, sa as bygelyks:

  • Continuous-flow intersection; in krúspunt, dêr't ferkear dy't lofts ôfslaan moat, al foar de krusing lofts ride moat.
  • Hook turn; in krúspunt, dêr't ferkear dy't lofts ôfslaan moat, rjochts ride bliuwe moat oant it ferkear ôfslaan moat.
  • Jughandle; in krúspunt dêr't ferkear dy't lofts ôfslaan moat, earst rjochts ôfslacht op in apart dykje en fan dêrôf lofts ôfslacht.
  • Michigan left; in krúspunt, dêr't ferkear dy't lofts ôfslaan moat, earst de dyk rjochts ôf nimt, en dêrnei te swaaien op de syddyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.