[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Klaske Folmer

Ut Wikipedy

Klaske Folmer (Sleat, 19 desimber 1926 - Ljouwert, 26 juny 2011) wie in ûnderwizeres en Fryske foardrachtskeunstner.

Klaske Folmer kaam út in roomske húshâlding en waard oplaat ta ûnderwizeresse en debutearre mei Fryske berneferhalen yn it blêd De Katholieke Fries. Jierren oanien hat hja sjuerylid west fan de foardrachtskriich foar bern en jongerein.

Troch de jierren hinne joech hja stim oan benammen Fryske poëzy. Dichters dy't fêsthâlden oan strange skema's fan rym en ritme wiene har it dierberst, lykas Gerben Brouwer, Fedde Schurer en Douwe Tamminga. Hja hat gâns Fryske barrens glâns jûn mei har deklamaasjes fan útrikkingen fan de Gysbert Japicxpriis oant de presintaasje fan de Fryske Bibeloersetting. Ek wie hja gauris yn de Fryske útstjoeringen fan de RONO te hearren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: