[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Klaaistreek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klaai (gebiet))

De Klaaistreek of de Klaai, is in gebiet yn de provinsje Fryslân mei fanâlds in eigen kultuer. De namme komt fan de grûn dêre, fette seeklaai.

By it gebiet wurdt ornaris it gea noardlik en westlik fan Ljouwert rekkene. De grins rint likernôch by de Fryske marren yn it suden, oer Ljouwert, en Dokkum nei Dokkumer Nije Silen. In part fan it gebiet, benoarden Harns, Frjentsjer, Ljouwert en Dokkum, wurdt de Bouhoeke neamd, dêr't ikkerbou en mingde lânbou útoefene wurdt. It gebiet súdlik fan Harns en Frjentsjer, mei útsûndering fan it oanslike lân fan de eardere Marneslinke dat wol "de Lytse Bouhoeke" neamd wurdt, stiet bekend as de Greidhoeke, dêr't de melkfeehâlderij dominant is.

It klaaigebiet yn Grinslân wurdt oantsjut as Noardlike Klaaistreek.

Omreden de fruchtbere boaiem wie de klaaistreek folle woltieriger as de gebieten mei fean- en sângeaen. De bewenners hiene dêrtroch better iten. Der waard út de Klaaistreek wei delsjoen op de Wâldfriezen dy't delbûgjend "Wâldpiken" of "Wâldprikken" neamd waarden[1]. Hja waarden yn in soad gefal net foar fol oansjoen. Ek harren Fryske tongslach gou as minderweardich. Om't der yn de ikkerbou in soad ferlet fan feinten wie, hiene de doarpen yn de Klaaistreek gruttere sosjale tsjinstellings, benammen yn de Bilthoeke. Yn de Greidhoeke waard yn 'e ûngetiid in soad gebrûk makke fan Dútske seizoensarbeiders, dy't wol hantsjemieren of poepen neamd waarden.

Op 'e Klaai wurdt ien fan de fjouwer grutte Fryske dialekten sprutsen, it Klaaifrysk. Dit dialekt ferskilt fan it Fryske dialekt dat yn de Fryske Wâlden, it Wâldfrysk, sprutsen wurdt. Under mear trochdat by it Frysk fan de Klaai it ûnderskied tusken de twa klanken yn de wurden ‘nei’ en ‘nij’ te hearren is.

Ek ûnderskiedt it Klaaifrysk him mei fan it Súdwesthoeksk troch it ferskynsel dat Nijere brekking neamd wurdt yn it Klaaifrysk foar komt en net yn it Súdwesthoeksk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: