Boaiem (ierde)
De boaiem is de boppeste laach fan de ierdkoarste en bestiet ornaris út de laach dêr't planten harren woartels yn waakse kinne. De boaiem bestiet benammen út stiente, organyske stoffen, lucht en wetter.
De boaiem bestiet sels ek út ferskate lagen, dy't troch harren kleur en gehalte oan humus, faninoar ûnderskaat wurde kinne.
It waaksen fan planten hinget ôf fan de mineralen en hoemannichte wetter yn 'e grûn, fan de lucht en de atmosfear. Mikro-organismen yn 'e grûn, de boaiemfloara en -fauna, is wichtich foar it waaksen fan planten. Organismen sette bygelyks stikstof om yn nitraten, dat as fiedingsstof troch planten brûkt wurde kin.
Grûnsoarten ferskille yn harren fruchtberens, struktuer, ensafuorthinne. Guon skaaimerken wurde troch de minske beynfloede, bygelyks de fruchtberens dy't troch bedongjen ferbettere wurde kin. Mei it each op it gebrûk fan de grûn wurdt de grûn klassifisearre neffens in boaiemkaart, dêr't de grûnsoarten fan in gebiet opsteld wurde.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ierdboaiem fan Wikimedia Commons. |