[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kick-Ass 2 (film)

Ut Wikipedy
Kick-Ass 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jeff Wadlow
produsint Adam Bohling
Tarquin Pack
Brad Pitt
David Reid
Matthew Vaughn
senario Jeff Wadlow
basearre op Kick-Ass fan Mark Millar
en John Romita jr.
kamerarezjy Tim Maurice Jones
muzyk Herny Jackman
Matthew Margeson
filmstudio Marv Films
Plan B Entertainment
Dentsu
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Aaron Taylor-Johnson
Chloë Grace Moretz
byrollen Christopher Mintz-Plasse
Jim Carrey
Clark Duke
Morris Chestnut
Olga Kurkulina
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Japan
premiêre 14 augustus 2013
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
   swarte komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $60,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Kick-Ass
● foarich diel Kick-Ass

Kick-Ass 2 is in Amerikaansk-Britsk-Japanske superheldefilm en swarte komeedzje út 2013 ûnder rezjy fan Jeff Wadlow, mei yn 'e haadrollen Aaron Taylor-Johnson en Chloë Grace Moretz. De film is it ferfolch op it súksesfolle Kick-Ass, út 2010. It ferhaal folget Dave Lizewski, dy't besiket syn superhelde-alter ego Kick-Ass nij libben yn te blazen, en Mindy Macready, dy't krekt besiket om ôfskie te nimmen fan har alter ego Hit-Girl en in normaal skoalfamke te wurden. Underwilens sint harren fijân Chris D'Amico op wraak foar de moard op syn heit. Kick-Ass 2 krige foar it meastepart lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy, en ek yn 'e bioskopen waard it gjin grut súkses.

Twa jier nei de dea fan Damon Macready alias Big Daddy en maffiabaas Frank D'Amico (sjoch: Kick-Ass) slacht by Dave Lizewski de ferfeling ta. Hy mist de adrenalinestjitten fan syn geheime bestean as superheld en beslút yn training te gean by Mindy Macready alias Hit-Girl. Underwilens is harren fijân Chris D'Amico troch syn mem Angie wjerholden fan it útfieren fan syn wraakplannen, om't sy der neat fan leaut dat der superhelden besteane, lit stean dat dy wat mei de dea fan har man te krijen hiene. As er har fermoardet troch by fersin koartsluting te feroarsaakjen yn har sinnebank, kriget er lykwols ynienen de hannen frij.

Mei it jild fan syn heite misdie-ympearium beslút Chris in supersmjunt te wurden. Dêrta betinkt er it alter ego The Motherfucker. Om fjochtsjen te learen, giet er yn training by de bekende MMA-fjochter Chuck Liddell, mar it docht al rillegau bliken dat fjochtsjen net syn ding is. Dêrop beslút er dat syn superkrêft is dat er sa ryk is dat er oaren it fjochtsjen foar him dwaan litte kin. Mei help fan syn liifwacht Javier stalt er in binde supersmjunten gear dy't er de Toxic Mega Cunts doopt. Liedende leden binne de Afro-Amerikaanske MMA-fjochter Black Death, de lytse maffia-bruier The Tumor, in âld-lid fan 'e Sineeske Triaden Genghis Carnage en in Russyske âld-liifwacht en -finzene Mother Russia.

Mindy har fâd, plysjeman Marcus Williams, ûntdekt dat se noch hieltyd as ferklaaide figilante de misdie bestriidt, en twingt har in ûnthjit ôf om dat op te jaan. Hy wol dat se in normaal teenage-famke wurdt, mei in normaal teenage-libben. Har ûnthjit betsjut dat Mindy ek stopje moat mei it trainen fan Dave. As Dave har op skoalle besiket te bepraten om syn training dochs troch te setten, wurdt in diel fan harren petear sûnder kontekst opfongen troch syn faam Katie Deauxma. Sy mient dan dat Dave har mei Mindy bedragen hat, en makket harren ferkearing út.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Teloarsteld oer sawol Mindy har hâlding as de ein fan syn ferkearing siket Dave oansluting by oare superhelden. Yn 'e twa jier sûnt er sels as Kick-Ass begûn, is it nammentlik min ofte mear in raazje wurden om jin te ferklaaien en de strjitte op te gean om misdie te bestriden. Dave jout him by in superheldeteam dat Justice Forever hjit, en dat laat wurdt troch Colonel Stars-and-Stripes, in âld-maffialid dat God fûn hat. De groep bestiet fierders út 'e swarte natuerkundelearaar Doctor Gravity; de út 'e kast kommen homo Insect-Man; Remembering Tommy, in team fan in heit en in mem dy't as superhelden aktyf binne om 'e ferdwining fan harren jonge soan Tommy te ferwurkjen; de seksy superheldinne Night-Bitch; en Battle-Guy, dat Dave syn bêste freon Marty Eisenberg blykt te wêzen.

Dave begjint in seksuële relaasje mei Night-Bitch, wylst hy en Marty, troch harren mienskiplike geheim, harren freon Todd hieltyd mear fan harren ferfrjemdzje. As úteinlik útkomt wat der oan 'e hân is, komt Todd op 'e lapen mei in eigen superhelde-alter ego, dat er Ass-Kicker neame wol yn in oerdúdlik neibearen fan Kick-Ass. Marty en Dave litte him witte hoe flau oft se dat fine, mei as gefolch dat Todd lulk opstapt mei de útrop dat er syn eigen superheldeteam wol fine sil.

Underwilens besiket Mindy oprjocht om in normaal libben te lieden. Har fâd Marcus bringt har yn kontakt mei Brooke, it populêrste famke fan 'e skoalle, en har beide jaknikkers Harlow en Dolce. Brooke sjocht Mindy as rou materiaal dat se yn har eigen likenis neimeitsje kin. Se regelet dat Mindy audysje dwaan kin foar it dûnsteam fan 'e skoalle, en docht foar wat der likernôch fan har ferwachte wurdt. Se tinkt dat Mindy mar wat omknoffelje sil, mar Mindy stelt har yn gedachten foar dat se mei fjouwer tsjinstanners fjochtet en har 'dûns'-oefening makket har lôgjende populêr by de oare famkes. Der geane sels al stimmen op om har yn Brooke har plak ta oanfierster fan it dûnsteam te meitsjen. Dat wie fansels Brooke har bedoeling net. As Mindy koarte tiid letter har earste ôfspraakje mei in jonge hat, nimt dy har mei nei de bosk, dêr't se Brooke, Harlow, Dolce en oare klasgenoaten treffe. It docht bliken dat Brooke it 'ôfspraakje' bewurkmastere hat om Mindy fernederje te kinnen. Se oarderet al har folgelingen dat net ien mear kontakt mei Mindy hawwe mei en dêrnei geane se fuort, Mindy yn 'e bosk efterlittend.

Mindy rint nei Dave syn hûs, dêr't se te neare nacht troch it rút syn keamer binnenklimt en op syn skouder útgûlt. Dave fertelt har dat se dy oare famkes hielendal net nedich hat, en dat se ek minder jaan moat om wat Marcus seit of wat har heit har foarhinne ferteld hat. It is har eigen libben, en sy moat it sels liede. De oare deis besteget Mindy in ûngebrûklik soad oandacht oan har uterlik foar't se nei skoalle giet. Yn 'e kantine sprekt se Brooke, Harlow en Dolce oan, dy't se te plak wiist. Se leart se in leske troch se oan te tikjen mei in apparaatsje fan har heit, dat dejinge dy't dermei oanrekke wurdt fuortendaliks sawol projektyl-koarje lit as eksplosive diarree besoarget. Nei't de trije famkes de hiele kantine ûnder koarre en skiten hawwe, wurdt Mindy tydlik útsletten fan skoalle. Marcus is min oer har lytse wraakoefening te sprekken, en jout har hûsarrest.

Dave syn heit, in widner, sit ûnderwilens yn noed oer it nuvere hâlden en dragen fan syn soan. Hy fermoedet in drugsferslaving, mar as er Dave syn keamer trochsiket, fynt er ynstee it superheldepak. As Dave thúskomt liedt dat ta sa'n rûzje dat er lulk wer fuortgiet. Chris D'Amico hat sa syn eigen problemen. Syn omke Ralph, dy't út 'e finzenis wei lieding jout oan it misdie-ympearium fan 'e D'Amico's, ropt him by him en jout him opdracht om op te hâlden mei dy flauwe kul en normaal te dwaan. Om Chris dúdlik te meitsjen dat it him mienen is, jout Ralph syn mannen opdracht om Chris syn liifwacht Javier te fermoardzjen. Mei't dat dejinge wie dy't Chris noch justjes mei de reäliteit yn kontakt hold, ûntspoart er dêrnei hielendal. Hy en syn team fan supersmjunten falle it haadkertier fan Justice Forever binnen en fermoadzje Colonel Stars-and-Stripes. De folgjende dei kringe se de wente fan Night-Bitch binnen, dêr't Chris besiket om har te ferkrêftsjen, wat net slagget fanwegen ympotinsje. Ynstee lit har troch syn trewanten it sikehûs yn slaan. As de buorlju alaarm slane en de plysje derop ôfkomt, deadet Mother Russia op ûnwierskynlike wize tsien plysjeminsken.

De plysje begjint dêrnei eltsenien yn in kostúm as de fijân te sjen. Der folget in massale arrestaasjeweach, wêrby't benammen superhelden oppakt wurde, om't dy makliker te finen binne as supersmjunten. Kick-Ass wurdt ek opspoard, mar as de plysjes by de Lizewski's oan 'e doar komme, hâldt Dave syn heit út dat hý Kick-Ass is en wurdt dêrop yn Dave syn plak arrestearre. Todd, dy't ûnderwilens syn drigemint om in eigen superheldeteam te finen wiermakke hat troch him oan te sluten by de Toxic Mega Cunts (sûnder dat er alhiel foar it ferstân hat wêr't dy foar steane), merkt sûnder euvelmoed yn it bywêzen fan Chris op dat de man dy't op 'e tillefyzje troch de plysje foar Kick-Ass holden wurdt, eins de heit fan Kick-Ass is. Dêrop lit Chris de heit fan Dave yn in plysjesel fermoardzje om him der dêrnei in foto fan te stjoeren.

Op 'e begraffenis fan Dave syn heit binne ek Mindy en Marcus oanwêzich. As de Toxic Mega Cunts it roufolk op it begraafplak oerfalle en Dave ûntfiere, set Mindy de efterfolging yn. Se deadet Genghis Carnage en The Tumor en harren team fan maffialeden en wit Dave te befrijen. Underwilens hat de plysje de measte superhelden wer frijlitte moatten fanwegen gebrek oan bewiis dat se skuldich binne oan in misdriuw. Dave en Mindy, yn harren alter ego's fan Kick-Ass en Hit-Girl, roppe de oerbleaune leden fan Justice Forever en alle oare superhelden op om mei te dwaan oan in oanfal op it haadkertier fan 'e Toxic Mega Cunts. De opkomst is massaal, en de supersmjunten wurde al rillegau ûnder de foet rûn.

Mindy, dy't earder tsjin Marcus ris opskept hie dat se in man mei syn eigen pink ombringe kin, lit sjen dat dat gjin grutspraak wie as se presiis dàt docht mei Black Death. Dêrnei nimt se it op tsjin Mother Russia, dêr't se folle mear muoite mei hat. Mother Russia wurdt Hit-Girl hast oermânsk, en as Hit-Girl in ynjeksjespuit foar it ljocht hellet, pakt se har dy ôf. Derfan útgeand dat der gif yn sit en dat Hit-Girl it by har ynjektearje woe, spuitet se Hit-Girl sels it spul yn. It blykt lykwols gjin gif, mar adrenaline te wêzen, dy't Hit-Girl ek foar harsels bedoeld hie. Mei nije enerzjy weeft se dêrnei mei de froulike supersmjunt ôf.

Underwilens sit Kick-Ass The Motherfucker nei oant op it dak, dêr't Chris D'Amico úteinlik troch in skylight knoffelet. Dave grypt syn hân fêst en besiket nettsjinsteande alles dochs noch syn libben te rêden, mar Chris skuort himsels los en falt nei ûnderen. Hy komt telâne yn it akwarium dat er oanskaft hie om in haai yn te hâlden. Hy is eefkes eufoarysk dat er syn fal oerlibbe hat, mar wurdt dan ûnder wetter skuord as de haai him oanfalt, wêrnei't it wetter read kleuret. Nei it gefjocht jouwe de leden fan Justice Forever it superheldebestean deroan, om ynstee yn harren gewoane, aldendeiske libben oare minsken te helpen. Mindy fertelt Dave dat se út New York wei giet, om't se trochgean wol mei Hit-Girl, en Marcus net yn in ûnmooglike sitewaasje bringe wol. Dave is ek noch net klear mei it superheldebestean. Hy begjint serieuzer te trainen en syn útris te ferbetterjen. Yn it lêste shot fan 'e film is in metalene ferzje fan it masker fan Kick-Ass te sjen.

Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling blykt Chris D'Amico de oanfal fan 'e haai dochs oerlibbe te hawwen, hoewol't syn earms, skonken en geslachtsdielen ôfbiten binne.

Aaron Taylor-Johnson.
Chloë Grace Moretz.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Dave Lizewski / Kick-Ass Aaron Taylor-Johnson
Mindy Macready / Hit-Girl Chloë Grace Moretz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Chris D'Amico / The Motherfucker Christopher Mintz-Plasse
Sal Bertolini / Colonel Stars-and-Stripes Jim Carrey
Marty Eisenberg / Battle-Guy Clark Duke
resjersjeur Marcus Williams Morris Chestnut
Katarina Dombrovska / Mother Russia Olga Kurkulina
Miranda Swedlow / Night-Bitch Lindy Booth
Samuel Keers / Doctor Gravity Donald Faison
Brooke Claudia Lee
Harlow Tanya Fear
Dolce Ella Purcell
Javier John Leguizamo
Todd Haynes / Ass-Kicker Augustus Prew
heit Lizewski Garret M. Brown
Ralph D'Amico Iain Glen
David / Insect-Man Robert Emms
heit fan Tommy Steven Mackintosh
mem fan Tommy Monica Dolan
Big Tony / The Tumor Andy Nyman
Black Death Daniel Kaluuya
Genghis Carnage Tom Wu
Angie D'Amico Yancy Butler
himsels MMA-fjochter Chuck Liddell
dhr. Kim Benedict Wong
Katie Deauxma Lyndsy Fonseca
Erika Cho Sophie Wu
ferslachjouster Mary Kitchen
krimineel yn steech Tom Benedict Knight
finzene #1 Anthony J. Mifsud
twongen prostituee #1 Louriza Tronco

Nei it súkses fan Kick-Ass, yn 2010, waard yn 2012 bekendmakke dat der in ferfolchfilm komme soe. Filmprodusint Matthew Vaughn, dy't sels de earste film regisearre hie, keas foar de nije film Jeff Wadlow as regisseur út. De measte akteurs út 'e earste film wiene ek foar it ferfolch fan 'e partij. Wadlow wurke op basis fan in senario dat er sels skreaun hie, en dat neitiid troch Chad Gomez Creasey en Dara Resnik Creasey byskaafd waard om it personaazje fan Hit-Girl der frouliker en minder kru útsjen te litten mei it each op it feit dat Chloë Grace Moretz no trije jier âlder wie. (Foar dat wurk waarden se trouwens net fermelden op 'e ôftiteling fan 'e film.)

It senario wie basearre op it twadde en trêde stripboek út 'e rige Kick-Ass: The Dave Lizewski Years, fan striptekeners Mark Millar en John Romita jr. Dy boeken wiene oarspronklik útjûn ûnder de titel Hit-Girl and Kick-Ass 2: Balls to the Wall. Christopher Mintz-Plasse, dy't de rol spile fan The Motherfucker, de wichtichste antagonist, sei yn in fraachpetear opluchte te wêzen dat de film de strip net al te sekuer folge, sadat er net frege wurde soe om in sêne te spyljen wêryn't in jong bern fermoarde wurdt en de mem ferkrêfte (dy't àl yn 'e strip foarkomt, en eins de reden foar de namme The Motherfucker is).

As produsinten wiene by Kick-Ass 2 behalven Vaughn ek Adam Bohling, Tarquin Pack, Brad Pitt en David Reid belutsen, dy't wurken foar de filmstudio's Marv Films, Plan B Entertainment en it Japanske Dentsu. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tim Maurice Jones, wylst Herny Jackman en Matthew Margeson de filmmuzyk fersoargen. Foar de film wie in budget beskikber fan $28 miljoen. De opnamen sette op 7 septimber 2012 útein yn Mississauga, yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Der waard ek filme yn 'e Britske haadstêd Londen. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn 'e Pinewood Toronto Studios yn Toronto. De lêste opnamedei foel op 23 novimber 2012.

De filmdistribúsje fan Kick-Ass 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 14 augustus 2013 yn premiêre yn it Feriene Keninkryk en iepene twa dagen letter yn 'e Amerikaanske bioskopen. Kick-Ass 2 kaam op 3 desimber 2013 beskikber as digitale download, en waard op 17 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray

Fan 'e filmkritisy krige Kick-Ass 2 op syn bêst in lauwe ûntfangst. Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis de film as "it sels noch ûnnoazeler, freugdeleazer ferfolch op Kick-Ass." Se hie krityk op 'e frou-ûnfreonlikheid en de min ta har rjocht kommende grappen, en fûn dat regisseur Jeff Wadlow gjin begryp toande foar "de freeslike skientme fan gewelddiedige bylden". Owen Williams stelde yn it Britske tydskrift Empire dat Kick-Ass 2, nettsjinsteande de gruttere cast fan personaazjes, oanfielt as in lytsere film as syn foargonger. Hy hie lof foar Christopher Mintz-Plasse, dy't yn syn rol as antagonist groeid wie, en joech de film trije fan fiif stjerren. Yn in resinsje yn PopMatters skreau Bill Gibron dat Kick-Ass 2 te lijen hie ûnder "in oerskot oan personaazjes en te min tiid om dy allegearre te behanneljen."

Yn 'e Los Angeles Times neamde Mark Olsen Kick-Ass 2 "in ûnwisse grimelgrammel ynstee fan in wiere ferkenning fan ferûntweardiging, geweld en identiteit." Hy fûn it besykjen fan Hit-Girl en gean om mei it aldendeiske libben nijsgjirriger as it besykjen fan Kick-Ass om in superheld te wêzen, mar wie fan miening dat dy ferhaalline bedoarn waard troch flauwe grappen oer lichemsfunksjes. De aktearprestaasje fan Aaron Taylor-Johnson klassifisearre er as "in garisma-frije sône." Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian skreau: "It ferfolch op [Kick-Ass] hat frijwat ynboete op it mêd fan skokkendheid, mar Chloë Grace Moretz har fertolking fan Hit-Girl is noch hieltyd it coolste wat der bestiet mei in cape oan."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Kick-Ass 2 in leger as gemiddeld goedkarringspersintaazje fan 32%, basearre op 207 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sjit tekoart yn syn besykjen om it orizjineel nei te bearen yn syn unike miks fan ultra-gewelddiedichheid en iroanyske humor." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Kick-Ass 2 in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 35 resinsjes.

Kick-Ass 2 brocht yn 'e Feriene Steaten $28,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $32 miljoen. De totale opbringst wrâldwiid kaam dêrmei út op $60,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $32,8 miljoen minus marketingkosten, wat frij meager wie. Chloë Grace Moretz wûn mei har rol as Hit-Girl in MTV Movie Award foar stoerste teenage-aktrise (biggest teenage bad-ass).

Nei't de opnamen ôfrûne wiene, mar noch likernôch in healjier foar't Kick-Ass 2 yn premiêre gie, distansjearre akteur Jim Carrey him fan 'e film. Carrey, dy't de rol fan 'e superheld Colonel Stars-and-Stripes spile, koe, sa seid er, it nivo fan gewelddiedichheid yn 'e film net mear goedkrije nei it Bloedbad op 'e Sandy Hook Elementary School, op 14 desimber 2012. Dêrby iepene in geastlik steurde man yn in basisskoalle yn Newton yn Connecticut it fjoer op learlingen en ûnderwizers, en kamen 28 minsken om (ynkl. de dieder).

Striptekener Mark Millar ferliek Kick-Ass 2 yn in reäksje mei films fan Sam Peckinpah, Martin Scorsese en Quentin Tarantino, dêr't ek withoefolle deaden yn falle, mar dêr't nea net folle krityk op komt. Chloë Grace Moretz ferdigene Kick-Ass 2 troch derop te wizen dat it in film is, en dat it geweld net earnstich bedoeld is. As men films sa serieus nimme wol dat men gjin ûnderskie mear tusken film en reäliteit sjocht, sit der in skroefke oan jin los, wie har boadskip.

Jierrenlang wie ûnwis oft der wol in trêde Kick-Ass-film makke wurde soe, wat benammen feroarsake waard troch de ôffallende opbringst fan Kick-Ass 2. Yn juny 2019 makke filmprodusint Matthew Vaughn lykwols bekend dat er mei de preproduksje fan in trêde film úteinset wie. Aaron Taylor-Johnson, Christopher Mintz-Plasse en Lyndsy Fonseca soene akkoart wêze om dêryn op 'e nij de rollen fan Dave Lizewski alias Kick-Ass, Chris D'Amico, resp. Katie Deauxma te spyljen. Chloë Grace Moretz, dy't net sa wiis west hie mei hoe't de twadde film úteinlik foarmjûn waard, wie noch ûnwis oft hja wol wer de rol fan Mindy Macready alias Hit-Girl spylje soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.