[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Karst Leemburg

Ut Wikipedy
Karst Leemburg
sporter
Karst Leemburg, 1929
Karst Leemburg, 1929
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 17 maaie 1889
berteplak Terwispel
stjerdatum 30 novimber 1958
stjerplak Ljouwert
sportive ynformaasje
ûnderdiel maratonrider
wichtige prestaasjes
Alvestêdetochtwinner yn 1929

Karst Leemburg (Terwispel, 17 maaie 1889Ljouwert, 30 novimber 1958) wie in Nederlânske reedrider. Hy wie de winner fan de 4e Alvestêdetocht op 12 febrewaris 1929

Op in leeftyd fan 39 jier wurdt Karst Leemburg winner fan de, yn 1929, 191 kilometer lange Alvestêdetocht. Nei 11 oere en 9 minuten komt hy as earste oer de streek yn Ljouwert, neidat de twa oarspronklike koprinners ferkeard rieden binne en sa de kopposysje ferlearen oan Leemburg. Oan de wedstriid dienen 98 dielnimmers mei dêr't 54 it fan folbrochten.